Thea Kroese kriget medalje foar bodzjen foar Nedersaksysk
Resint ferskynd

Thea Kroese hat sneon de earepeinje fan ‘e gemeente Twenterand krige foar alle wurk dat hja dien hat foar de Nedersaksyske streektaal.
Frou Kroese wie oant har pensjoen direkteurske fan it Van Deinse Instituut, dêr’t ûndersyk dien wurdt nei de taal, kultuer en skiednis fan Twinte. Hja jout op ‘t heden noch gauris lêzings oer dy ûnderwerpen.
Yn it ferline hat hja foar RTV Oost boppedat in protte radio- en telefyzjeprogramma’s oer it Nedersaksysk makke. Fierder spile hja mei yn de Twintsktalige film De beentjes van Sint Hildegard en yn ferskate regionale toanielstikken.
Frou Kroese is de twadde dy’t de medalje kriget.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje