Sympoasium ‘Seis iuwen tsjerke en stêd: de Martinitsjerke te Frjentsjer’

oktober 28, 2022 14:54

Op 5 novimber 2022 sille – yn it ramt fan seishûndert jier Martinitsjerke yn Frjentsjer – sân betûfte sprekkers yn de Botniastins foar it buordsje komme om harren ljocht oer dy lange en bûnte skiednis skine te litten.
De middeis is der in muzikaal yntermezzo yn de Martinitsjerke, fersoarge troch it dûbeldkwartet Canto Divertimento ûnder lieding fan Bob Pruiksma.

Lange, bûnte skiednis

troch Rolf Bremmer

It is amper mear foar te stellen hoe bot oft de tsjerke it libben yn stêd en lân iuwenlang bepaald hat. Wa’t nei it plak fan de âlde tsjerke sjocht, sjocht fuort dat er yn ’e midden fan ’e mienskip stiet.

Martinitsjerke Frjenstjer. Foto 600 jier Martinitsjerke

Dit jier fiert Frjentsjer dat de prachtige Martinitsjerke 600 jier lyn folslein nij út de stegers kaam. In moaie oanlieding om te besjen wat de rol fan dy tsjerke yn in lytse provinsjestêd troch de iuwen hinne west hat. Wat in enerzjy hat se losmakke! Minsken ha djip ta de ponge moatten om it bouwurk mooglik te meitsjen. Hja ynvestearren yn de oanklaaiïng fan it gebou en yn de oanstelling fan geastliken, kosters en oargelisten, dy’t de talleaze tsjerketsjinsten fersoargen. Rike parochianen joegen de tsjerke jild en guod, leauwigen út de begoedige boargerij organisearren har yn gilden en bruorskippen om earmen en siken te helpen.

Reformaasje
Net altiten soe it moai waar en lange dagen bliuwe. De reformaasje yn de sechstjinde iuw luts djippe spoaren yn de stêd. Giene de minsken yn it begjin fan dy iuw noch mei-inoar nei ien tsjerke, oan de ein fan dy iuw wie dat ûnmooglik wurden. De kalvinisten wiene baas yn de Martinitsjerke, de oanhingers fan de paus moasten ûndergrûnsk gean of hiene de stêd ferlitten. De mennisten – foarstanners fan de folwoeksenedoop – waarden djip ferachte troch sawol kalvinisten as pausoanhingers en kamen stikem yn húskeamers byinoar.

Akademy en tsjerke
De komst yn 1585 fan in Akademy yn Frjentsjer wie fan grutte betsjutting foar provinsje, stêd en tsjerke. De Akademy late jonges û.o. op ta predikant en mannich ôfstudearre studint teology stie letter op ’e preekstoel fan de Martinitsjerke. In krúsjaal momint yn de ferhâlding tsjerke en Akademy wie de Dordtske Synoade fan 1618-1619. Ferskillende professoaren en âld-studinten spilen in grutte rol, lykas Jehannes Bogerman, dy’t de synoade foarsiet, en Sibren Lubbertus, heechlearaar teology en grut foarstanner fan de otterdokse lear.

In teskuorde tsjerke
Nei de ôftocht fan de Frânsen yn 1813 feroare Nederlân fan in federale republyk yn in sintraal regearre keninkryk. De Grifformearde Tsjerke waard no de Herfoarme Tsjerke, fan boppen ôf bestjoerd. Dat brocht ûnrêst en late yn 1834 ta de ôfskieding ûnder lieding fan ds. Hendrik de Cock. In pear jier letter kaam it ek ta in skuorring yn de Martinitsjerke. Der wiene ek otterdokse leauwigen dy’t binnen de Herfoarme Tsjerke bleauwen en stribben nei libbene frommens yn ’e died, in beweging dy’t bekend stiet as it reveil. Dy fûn ek wjerklank yn Frjentsjer. It reveil wie ek in reaksje op de aktiviteiten fan de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, yn Frjentsjer aktyf sûnt 1809 en sûnt 1828 mei in ferieningsgebou yn it skaad fan de Martinitsjerke.

Mei-inoar op wei
It bleau ûnrêstich, dy njoggentjinde iuw. De moderne teology die syn yntree en dat late op ’e nij ta ûnfrede by in soad tsjerkegongers. Yn 1886 kaam der in skuor yn de Amsterdamske gemeente ûnder oanfiering fan de ‘dolearjende’ (kleiende) Abraham Kuyper, dy’t him gau oer it lân útwreide. Yn 1889 sleaten in tal leden fan de Martinitsjerke har by dy doleânsje oan. Yn 1893 fusearren de Frjentsjerter ôfskiedenen (‘Cocksianen’) en dolearjenden en foarmen de Grifformearde Tsjerke te Frjentsjer. In nij tsjerkegebou oan de Zilverstrjitte joech foarm oan dy fúzje. Nei lang Mei-inoar op Wei west te hawwen, fierden herfoarmen en grifformearden yn jannewaris 2010 yn in feestlike tsjinst yn de Martinitsjerke dat se tenei mei-inoar Protestantske Gemeente Frjentsjer wêze soene.

Lyts ferskaat
In oare groep ûntrêstige rjochtsinnige Frjentsjerter tsjerkeleden bleau binnen de herfoarme tsjerke, mar rjochte yn 1910 in herfoarme evangelisaasjeferiening op. Hja kamen sneins byinoar yn gebou Bethel oan de Dykstrjitte. Yn 1976 waard dy feriening opheft en giene de leden sneins wer nei de Martinitsjerke.

Der wiene ek lytsere bewegingen dy’t har bûten de Martinitsjerke manifestearren. Yn 1875 krige de frije evangelyske gemeente, fuortkommen û.o. út de ôfskieding, in eigen tsjerkegebou oan it Noard. Yn 2021 waard de gemeente opheft en heakken de leden by de Martinitsjerke oan.

Frysk
It is mar min bekend dat yn 1914 foar it earst in dominy op ’e preekstoel fan ’e Marinitsjerke stie, dy’t yn it Frysk preke. Dat wie doe in primeur foar Fryslân en joech gâns opskuor. In iuw letter lykwols klinkt dêr geregeld it Frysk yn liet, bibellêzing, gebed en preek.

Meidwaan oan it sympoasium: €10, breamiel €10.
Sjoch https://pkn-franeker.nl/5-november-symposium-zeshonderd-jaar-martinikerk-franeker/

Prof. dr. Rolf Bremmer is emearitus heechlearaar fan de Universiteit Leien
oktober 28, 2022 14:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.