Steateleden barre (in bytsje) mear sinten
Resint ferskynd
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
- Doede Wiersma: De rjochtfeardige wint libben op ’e dea 0

Provinsjale Steateleden krije takom jier in dofke ekstra. Smoarch fertsjinnen hja oant no ta 1311 euro yn ‘e moanne. Dat wurdt 1520 euro. De measten wurkje sa’n treddel dei wyks foar de Steaten.
Yn ferliking mei oare folksfertsjintwurdigers krije Steateleden in skeamel lean. Gemeenteriedsleden fan grute gemeenten krije 1800 euro smoarch.
Twadde Keamerleden krije smoarch sa’n 8600 euro en dêrnjonken fakânsjejild. Foar harren is it wurk as folksfertsjintwurdiger lykwols in folsleine baan, wylst gemeenterieds- en Steateleden it ornaris njonken har oar wurk dogge.
De belangeferiening fan Steateleden is fan betinken dat Steateleden op syn minst likefolle fertsjinje moatte as gemeenteriedsleden. Wurdfierder Rendert Algra seit dat it Steatlidmaatskip op ‘t heden net oantreklik genôch is troch de minne fertsjinst. Algra: “As je in gewoane baan hawwe en je moatte 22 oeren yn de wiken frijmeitsje, dan meie je wol in dei frijnimme. Je leverje der in stikje ynkommen foar yn. It bedrach is derfoar om dat te kompensearjen.” Hy ropt Steateleden op om by de minister fan ynlânske saken oan te stean op in bettere fergoeding.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje