Smaaklike iepening fan de Kulinêre Waadwiken

oktober 18, 2022 08:55

Seis wike lang genietsje fan al it lekkers fan Waadsee UNESCO Wrâlderfgoed

Moandei is de earste edysje fan de Kulinêre Waadwiken begûn. Yn dy wiken set it projekt ‘Waadgastronomy fersterket Wrâlderfgoedbelibbing’ mei lokale produsinten en sjefkoks út it Waadgebiet de smaak fan it Waad op ’e kaart. De Kulinêre Waadwiken waarden offisjeel iepene troch wethâlder Pier Prins fan de gemeente Iemsdelte op it biologysk lânboubedriuw Eikemaheert yn Loppersum, dêr’t de nije fruittyltrûte begjint.

Foto: Jonathan Andrew/Visit Wadden

Feestlike iepening fruittyltrûte yn de eardere Fivelboezem
Elkenien ken fisk- en skulpbisten as Waaditen, mar ek fruchten fan it lân en fruittylt soargje foar in oantreklik oanbod yn ’e keuken fan it Waadgebiet. De fruchtbere seeklaai soarget foar in goede boaiem foar it kweken fan ûnder oare apels, parren, prommen en beien. Dêrom is de nije fruittyltrûte by útstek it plak om de Kulinêre Waadwiken te iepenjen. Op de rûte binne ferskate lokale fruitkwekers te finen en beamhôven mei ferskate âlde fruitrassen. Njonken de rûte is der ek in tematyske ynspiraasjekaart makke dêr’t al dy plakken op te finen binne.

Lokale produsinten en sjefkoks
Lokale produsinten en sjefkoks út it gebiet wurkje de kommende wiken gear om de unike smaakbelibbing fan it Waad te kreëarjen. Dat is net allinnich goed foar de ûndernimmers en de regio, mar ek foar it klimaat. Troch mei lokale produkten te wurkjen, bliuwt de ekologyske fuotprint leech. Lokaal en duorsum binne de kearnwearden fan de Kulinêre Waadwiken. Goed fyftich ûndernimmers út it Waadgebiet dogge oan de Kulinêre Waadwiken mei. Allegear sette se op har eigen wize de Waadprodukten op ’e kaart. In protte diene dat al, mar dogge dat no mei in ekstra doel: gasten opnij yn ’e kunde komme litte mei de lekkerste Waadprodukten.

Wat te dwaan yn ’e Kulinêre Waadwiken
Yn de Kulinêre Waadwiken is oeral yn it Waadgebiet wol wat bysûnders te dwaan en foaral te priuwen. Op ’e eilannen, op en om de Waadsee oan de Noard-Hollânske, Fryske en Grinslânske Waadkust hjitte ûndernimmers elkenien wolkom dy’t priuwe wol fan de bekende mar ek noch ûnbekende Waadgastronomy. Men kin restaurants besytsje, nei in mokseljûn yn Lauwerseach gean, by de Biltske smaakrûte delfytse of meigean op in priuwrûte op It Amelân. Op www.culinairewaddenweken.nl is te finen wat en wêr’t fan alles te dwaan en foaral te priuwen is. De Kulinêre Waadwiken duorje oant en mei 27 novimber.

oktober 18, 2022 08:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Albert Schaafsma oktober 18, 18:17

    Noch eefkes en it Waad – hoe wiis as ik d’r ek mei bin – komt my ta de strot út.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.