Skotlân wol yn 2025 likense behanneling Ingelsk en Gaelic

oktober 17, 2022 00:58

Yn Skotlân wurde Gaelic, Skotsk en Ingelsk praat. It Gaelic is der it langste yn gebrûk, mar de taal stiet ek it swakste. Utsein yn it uterste noarden wurdt er amper mear brûkt. Dat is in reden foar it Skotske regear om de taal te stypjen. Yn in nije bestjoersôfspraak binne de plannen foar de kommende jierren fêstlein.

Yn 2005 hat it Skotske regear al besletten dat Gaelic en Ingelsk lykweardige bestjoerstalen wêze moatte. Yn ‘e praktyk is dat lykwols noch lang net it gefal, dêrom wol de Skotske oerheid it Gaelic de kommende jierren folle mear brûke. Alle wichtige oerheidswebsites moatte twatalich wurde en boargers moatte derfan útgean kinne dat hja yn it Gaelic mei de oerheid kommunisearje kinne.

Wichtich is ek dat Skotlân krekt as Wales by it bouwen fan nije wenten rekken hâldt mei de ynfloed dêrfan op ‘e taal fan ‘e mienskip. Dat kin betsjutte dat huzen yn Gaelictalige doarpen by foarrang foar eigen bewenners boud wurde en dat it brûken fan huzen as fakânsjewente ûntmoedige wurdt.

De lanlike oerheid fan Skotlân wol ek safolle mooglik mei legere oerheden en maatskiplike organisaasjes oparbeidzje om it Gaelic sichtberder te meitsjen en it brûken derfan te befoarderjen.

Om foar te kommen dat jongelju de regio ferlitte moatte en ferlern geane foar de Gaelictalige mienskip wurdt ek wurke oan wurkgelegenheid dy’t de regio net ôfhinklik makket fan de grutte stêden, bygelyks troch oeral flugge ynternetferbinings oan te lizzen.

Skoallen krije de mooglikheid om it eineksamen yn it Gaelic ôf te nimmen. Der komme mear folslein Gaelictalige skoallen en op learare-opliedings kinne studinten leare om fakken yn it Gaelic te jaan ynstee fan yn it Ingelsk.

Nijsgjirrich is fierder dat it Skotske regear it Gaelic ek beskôget as part fan syn bûtenlânbelied: der wurde bygelyks beurzen beskikber steld foar bûtenlânske studinten dy’t Gaelic leare wolle. Skotlân wurket dêryn gear mei de Kanadeeske provinsje Nova Scotia. Yn it noardeasten dêrfan binne Gaelictalige mienskippen en op ferskate skoallen wurdt it Gaelic as fak jûn.

De nije bestjoersôfspraak jildt foar de perioade 2022-2027 en is hjir te finen:
https://www.gov.scot/publications/scottish-governments-gaelic-language-plan-2022-2027/pages/2/

De plysje fan Skotlân presintearret him al twatalich, mar it Ingelsk hat yn it logo noch dúdlik in wichtiger plak as it Gaelic
oktober 17, 2022 00:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.