Simone Djurrema: Polityk, neat is wat it liket

oktober 1, 2022 07:00 Fernijd

Kollum

Ik haw bot sitten te stinnen, want ik wyn my nochal op oer ûnrjocht en ligerij. En dat komt hieltyd faker foar. As ik it goed oer polityk hawwe sil, wurdt it in lang, en foar in protte minsken, dreech ferhaal. Folle langer as in kollum eins wêze moat. Mar oars kin tusken de rigels te folle lêzen wurde wat ik net bedoel te sizzen. We sille sjen wat it wurdt.

Ja, myn kollums geane fansels it meast oer loftige dingen. Oer wat yn Fryslân en Sweden itselde is of krekt wat oars. As dat grappich, moai, yrritant of ûnakseptabel is. Mar op it gebiet fan polityk bart der ek hiel wat. Wy hawwe hjir krekt de ferkiezings hân. In kollum falt ûnder “opiny”. Ik hoech eins net neutraal te bliuwen. Dat doch ik wol it leafst, mar wy hawwe fansels frijheid fan mieningsútering. Dochs? Ik freegje it my bytiden ôf.

Sil ik ris wat feiten op in rychje sette, foardat ik oer de ferkiezingen begjin?

Ik ferdjippe my der nea sa yn, want alles gie wol sa’t it gie, mar neffens my wiene der altyd al linksen en rjochtsen en alles wat der tuskenyn sit. Sommige kranten wiene mear de iene kant út, sommige mear de oare, mar der wie altyd aardich wat ynformaasje te finen. Beide kanten makken inoarren swart, mar de lêste jierren liket dêr feroaring yn te kommen. Hast alles is yn in protte opsichten nei links ta skood. Mar oan dy kant binne de oantsjuttingen net feroare, yn stee dêrfan wurde partijen dy’t rjochts fan ’e midden bleaun binne oars neamd. Yn Nederlân, en yn Sweden ek. De linksen wurde net ultralinks neamd. De ‘gewoane’ rjochtsen fan eartiids hjitte no ekstreem rjochts of sels ultrarjochts. Dat docht oan de Twadde Wrâldoarloch tinken, dat dan wurde de minsken fansels wol bang.

Noch wat feiten. Yn Sweden is der yn 2019 ûndersyk dien nei de politike foarkar fan sjoernalisten. Dêr waard de fraach yn steld: “As der moarn ferkiezingen wiene, wêr soest dan op stimme?” (*1). De útkomst waard ferlike mei de útkomst fan de Sweedske befolking. Hjir binne de belangrykste sifers:

De sosjaaldemokraten, dy’t de lêste acht jier oan ’e macht west hawwe, krigen by it folk 24,4% en ûnder de sjoernalisten 24%. Dat liket derop! Mar de linkse partij krige by it folk 16,5% en by de loftse sjoernalisten 32%. De miljeupartij hie ûnder it folk 5,9% stimmen en ûnder de sjoernalisten 14,7%. Oan de oare kant hiene de moderaten 16,8% by it folk en mar 4,0% by de sjoernalisten. De Sverige Demokraten (SD) hiene doe 15% ûnder it folk en 2,7% ûnder de sjoernalisten.

De media hawwe alles rjochts fan ’e midden hurder oanpakt en mear ellinde opdold as oan de oare kant. Hat dat mei de politike foarkar fan de sjoernalisten te meitsjen? Wiene der mear skandalen oan de rjochter kant? Nee, dat tink ik net, mar it waaide folle gauwer oer. In foarbyld:

In út syn ferbân skuord ynterview, dêr’t Ebba Bush fan de Krist Demokraten (KD) koartwei yn sein hie dat plysjes mei skerp sjitte moasten. Faaks waard it noch slimmer makke troch te sizzen dat se op 15-jierrigen sjitte moasten. Sa sei se it net, se stelde de fraach wêrom’t de plysje net sjitte mocht doe’t der op syn minst trijehûndert plysjes ferwûne rekke wiene by de peaskerel nei oanlieding fan de Deen dy’t in koran ferbrânde (*2). Der wiene fjirtjin boargers ferwûne rekke. It waard in hiel skandaal en frou Bush waard de tagong ta in Elle-gala wegere, want se wie net polityk korrekt.

Politikus en Europarlemintariër Fredrik Federley huze mei syn dochter (!) mei in man dy’t feroardiele (en op boarch frij) wie foar slimme ferkrêftingen fan bern. Dêr wiene ek bern fan Federley út in foarige relaasje by (*3). Gelokkich wiene der noch minsken dy’t it fatsoen hiene om lilk te wurden doe’t er sûnder krityske fragen op in Sweedsk telefyzjekanaal ynterviewd waard. Dat waaide allegearre gau oer en de Centerparti hat der sa op it each net safolle fan te lijen hân.

“Mei-inoar kinne we ús Sweden better meitsje” Boarne: Sosjaaldemokratyske partij, Sweden.

No witte jimme hoe’t de sjoernalistyk hjir yninoar sit. Jimme sille yn Nederlân ek wol fernimme dat minsken hieltyd faker de mûle snoerd wurdt mei: “Dat is in konspiraasjeteory”, in gearspanningsteory, en as dat net wurket: “Dat is rasistysk.” Dan hoecht men nammentlik gjin fierdere útlis te jaan. Ek net as men it klimaat derby behellet. It is neffens my, en dat is myn opiny, allegearre ienrjochtingsferkear wurden. Der mei faak net mear diskusjearre wurde.

En doe pakte, tsjin alle ferwachting yn, de ferkiezing oars út. It hat net holpen dat, krekt foar de ferkiezings, reportaazjes útstjoerd waarden oer de Twadde Wrâldoarloch. En dat Annie Lööf fynt dat Magdalena (minister-president) partijen net “brún” en “ekstreemrjochts” neame moat. Dat se sels dy wurden dan wer efkes brûke kin, komt moai út.

It folk hat keazen (*4). De sosjaaldemokraten wiene mei harren 30,3% noch hieltyd de grutste. It wie altyd de arbeiderspartij, mar de measte Sweden dy’t noch op dy partij stimme, binne oer de 65. Der binne mear “yn it bûtenlân bernen”, sa’t se dat hjir sa moai sizze, dy’t op dizze partij stimme as Sweedskbernen (*5). Dizze kear hie it Sweedse folk syn nocht fan de net-neikommen tasizzingen. Tsjin alle warskôgingen yn dat it nazys binne en we mei gauwens ruïinearre binne, hat 20.5% foar de SD stimd. Wêr sil dat hinne gean? Yn koälysje mei, de oars twadde partij, de Moderaten mei harren 19,1%, de KD en de Liberalen binne se de grutste. Ek mar krekt, mar se hawwe de measte stimmen. Wat sizze de media? Dat hawwe jimme miskien al sjoen. Der wurdt rij mei it wurd “ekstreemrjochts” struid. De cartoon fan de Dútske Harm Bengen mei Pippi seit alles (*6).

De twadde fan links is Simone Djurrema. Boarne KD, Sweden.

No dan myn opiny: ik haw op de KD stimd. Lang net de grutste partij, mar neffens my wol oan de goede kant. Ik bin der sels yn ús gemeente by belutsen (*7). De foarige regearing hat it de ôfrûne acht jier gigantysk ferknald. Ik begryp net hoe’t de sosjaaldemokraten as slogan “Mei-inoar kinne we ús Sweden better meitsje” hawwe koene sûnder har djip te skamjen. It muoit ús net dat we hjirhinne ferhuze binne, mar ik ried gjinien oan om nei in grutte stêd te ferhúzjen. Stel dat se yn in ferkearde wyk telâne komme.

Binne de SD’ers nazys? Harren webstee seit fan net, mar dy fan de sosjalen seit ek hiel wat oars as wat harren resultaten sjen litte. Dat wy moatte it mar ôfwachtsje. De oare kant hat neffens my bewiisd dat se it net kinne, no moat dizze kant de kâns krije. As de SD wol nazytrekjes begjint te fertoanen, nim ik oan dat de oare partijen der wol binne om harren werom te fluitsjen.

Docht dizze koälysje wol wat er taseit? Dat sil de praktyk útwize moatte. It begjint neffens my net goed. Se ûnhjitten dat de brânstofprizen mei 9 kroanen nei ûnderen soene. Mar yn stee dêrfan sakje se mar mei 30 sint foar de benzine en 10 sint foar de disel. Hoe kin dat? It moat earst fia de EU.

Fia de EU? Meie we neat mear sels regelje yn ús eigen lân? Blykber net. Hoe faak hawwe jimme al heard dat “we spitigernôch neat dwaan kinne omdat it net fan de EU mei”? Hoefolle wurdt der regele dêr’t we gjin idee fan hawwe? De EU-kommisje hat bygelyks besletten dat fan 2024 ôf oer it foargeande jier opjeften rapportearre wurde moatte oer ynkomsten, miljeu en sosjale aspekten. It giet om 542 regels dêr’t bedriuwen mei oer de 250 wurknimmers oan foldwaan moatte. Yn 2026 wurdt dat ek nei lytsere bedriuwen trochlutsen. Dat giet bygelyks oer ekonomy en CO2, mar ek oer gender, ofts net diskriminearrest, hoefolle froulju of minderheden ast yn tsjinst hast ensafoarthinne. Wisten jimme dat? Nee? Dêr komme jimme wol efter as it allegearre al klear is. Mar de EU, dat is wer in hiel oare kollum. As ik der al sin oan haw.

Dus haw ik eins wol safolle fertrouwen yn de regearing? Miskien. Mar ik wit fansels net oft se ûnderinoar begjinne te hakketakjen. Of hoefolle oft se dwaan meie. Wannear oft se weromfluite wurde troch de EU.

“Dat binne konspiraasjeteoryen!”, sizze jimme no. Mar jimme kinne it allegearre googelje. Boppedat hawwe der my al wat te folle fan dy teoryen west dy’t wier blieken te wêzen. Waarden it dan konspiraasjes neamd? Nee. Fansels net. It ferdwûn gewoan. En wy akseptearje it, want wy wolle allinnich mar dat alles wer gewoan wurdt. En wy sykje sels foaral net nei ynformaasje, want al stiet it ús foar de noas, dan sjogge we troch dy bril dêr’t “konspiraasjeteory” op stiet. Want as we de regearing en de media net mear fertrouwe kinne, wat moatte we dan?

Ik daagje jimme út om, foardat jimme mei in oardiel komme, de ûndersteande keppelingen te folgjen. Altyd ferskillende boarnen te sykjen en dan pas in konklúzje te lûken, want beide siden sizze fansels wat hiel oars. Neffens my is, mear as ea, yn de polityk neat wat it liket.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

*1 https://research.chalmers.se/publication/518198/file/518198_Fulltext.pdf

*2 https://sv.wikipedia.org/wiki/P%C3%A5skkravallerna_i_Sverige_2022

*3 https://sv.wikipedia.org/wiki/Fredrick_Federley

*4 https://valresultat.svt.se/2022/

*5 https://www.scb.se/hitta-statistik/statistik-efter-amne/demokrati/partisympatier/partisympatiundersokningen-psu/pong/statistiknyhet/partisympatier-maj-2022/

*6 Efkes sels googelje op Pippi Harm Bengen i.f.m. copyrights.

*7 https://valresultat.svt.se/2022/kommunval-1461-mellerud.html

Spitigernôch is de measte relevante ynformaasje net yn ús eigen talen te krijen, dat ik freegje om jim begryp en hoopje dat jimme der mei google translate útkomme.

 

 

 

 

oktober 1, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.