Seis iuwen muzyk yn Frjentsjerter Martinytsjerke
Resint ferskynd
Seishûndert jier lyn kaam de Frjentsjerter Martinytsjerke nagelnij út de stegers. Dat wurdt dit jier folop fierd mei alderhande eveneminten. Tsjerke en muzyk foarmen al dy iuwen in hecht pear. Dêrom jout de eigen oargelist, Jochem Schuurman, mei it fokaal ensemble Vocalibre, op sneon 29 oktober in konsert mei in kar út seis iuwen tsjerkemuzyk.
Oargel
Ien fan de opfallende eleminten yn de Martinytsjerke is it monumintale oargel. De bouwer dêrfan wie de firma Van Dam út Ljouwert, yn 1842. Hielendal nij wie it net. Om de kosten te drukken ferwurke Van Dam, wêr’t dat koe, pipen út it eardere oargel út 1722. Dêr sieten wer ûnderdielen yn fan in noch earder oargel, út de jierren 1528–1534. It oargel lit no dus eins lûd hearre fan fiif fan de seis iuwen dat de tsjerke der stiet.

Jochem Schuurman. Boarne: Martinytsjerke Frjentsjer
Sjongen
Al dy tiid waard der ek songen: solo’s troch de foargonger, gemeentesang mei of sûnder oargelbegelieding en fansels talleaze koaren, oft se no út Frjentsjer kamen of fan fierren.
Programma
Wat it repertoire troch al dy iuwen hinne wie en hoe’t dat doe klonk, dat is op sneon 29 oktober te hearren. Jochem Schuurman, in soad priizge yn binnen- en bûtenlân, en fokaal ensemble Vocalibre út Drachten/Beetstersweach ûnder lieding fan Egbert Klazenga bringe in breed programma. Dat begjint mei in stik út de midsiuwen en rint sa de tiid troch, fan Sweelinck, fia Schütz, Bach en de romantyske Mendelsohn, nei ús tiid, mei Hendrik Andriessen en Willem Vogel. Tuskentroch solearret Jochem Schuurman.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje