Reedriden: kwalifikaasje Wrâldbeker by de froulju

oktober 29, 2022 17:04

Antoinette Rypma-de Jong en Marijke Groenewoud hawwe harren sneontemiddei op de 3.000 meter yn Thialf op ’e nij fersekere fan in wrâldbekerkwalifikaasje. Op de 500 meter pleatsten Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong harren foar it ynternasjonale sirkwy.

Op freed pakten frou Rypma en frou Groenewoud op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai ek al in ticket foar de wrâldbekers op de 1.500 meter. De oerwinning op de 3.000 meter gie nei olympysk kampioene Irene Schouten yn in tiid fan 3.59,21. Se wûn yn in streekrjocht duel fan Antoinette Rypma, dy’t twadde waard mei 4.00,13. Marijke Groenewoud ferbettere har persoanlik rekord mei hast sân sekonden (4.02,72) en waard dêrmei tredde.

Reina Anema, dy’t freed op de 1.500 meter noch wol yn de top fiif einige, waard no teloarstellend sânde yn 4.08,21. Joy Beune en Merel Conijn pleatsten harren wol foar de wrâldbekers. Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge kaam net yn de buert fan de startplakken foar de wrâldbekers. Se waard santjinde yn 4.14,78.

By de froulju stie sneontemiddei ek de 500 meter op it programma. Foar de kwalifikaasje foar de wrâldbekers waard dêrby sjoen nei de fiif fluchste tiden nei twa omlopen. Marrit Fledderus sette de earste omloop op har namme yn in nij persoanlik rekôr fan 37,68. Dêr wie se twa hûndertsten rapper mei as Femke Kok. Michelle de Jong stie nei de earste 500 meter op it fjirde plak (38,17).

It wie úteinlik lykwols net in Friezinne dy’t wûn yn Thialf. Jutta Leerdam sette yn de twadde omloop 37,57 del en wie dêrmei de fluchste fan de dei. Femke Kok ferbettere harsels noch wol nei 37,61 en waard twadde. Michelle de Jong wie ek in stik rapper yn har twadde sprintrace. Se ferbettere har persoanlik rekord nei 37,88. Dat wie genôch om har te kwalifisearjen. Marrit Fledderus wie krekt wat stadiger as yn de earste omloop, mar har earste tiid wie genôch foar in ticket. De top fiif waard kompleet makke troch Dione Voskamp mei 37,99. De Friezinnen Jildou Hoekstra, Helga Drost, Anna Boersma, Amber Duizendstraal en Henny de Vries einigen bûten de wrâldbekerstartplakken.

Boarne: Omrop Fryslân

 

oktober 29, 2022 17:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.