Rebûlje Sieperda Sympoasium

oktober 20, 2022 21:27

[Dit is in skeakelberjocht, spesjaal ornearre foar lêzers fan tydskrift DE NIJE]

In publikaasje op It Nijs oer in part fan de lêzing fan sjoernalist Bert de Jong op it Sieperda Sympoasium, oer de sjoernalistyk as hoeder fan it frije wurd, wie foar kollega Abe de Vries reden in fûleindige replyk te skriuwen oer de swierricheden by de syktocht nei wierheid en wurklikheid. Mar dy polemyk wie neat ferlike by wat it Frysk tewei brocht. De organisaasje hie in moai lykwicht betocht tusken it brûken fan it Nederlânsk en it Frysk op it sympoasium, mar al ringen wie it de lêste taal dy’t foar master opsloech yn de presintaasjes en diskusjes; en by neifraach fan de petearlieder die bliken dat net ien fan de oanwêzigen dêr in probleem mei hie. Mar oer it brûken fan it Frysk yn de media waard wakker ûngelikens tocht. Nei it sympoasium gie it redendielen  noch in skoft troch yn ferskate media. De wichtichtste bydragen binne ek op It Nijs publisearre. Hjir is in oersjoch:

Fries Genootschap, LC en Omrop sette de oanfal op it Frysk yn

In Omrop foar elkenien

‘Iedereen, buitengesloten, halsstarrig’? Sander Warmerdam: trije kear mis!

Frysk is in iepen doar, smyt dy net sels ticht

Henk Wolf: Wêrom soest alle nijsberjochten net dûbeltalich werjaan?

oktober 20, 2022 21:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.