Púnspoar fan 10.000 kilometer folget romterots dy’t mei sonde botste
Resint ferskynd
De planetoïde Dimorphos dy’t ferline wike mei opsetsin troch in romteronde fan NASA rekke waard, wurdt no folge troch tûzenen kilometers pún fan de ynslach. Astronomen leine it tafriel miljoenen kilometers fierderop fêst mei in teleskoop yn Sily.

Dimorphos (foto: CTIO/NOIRLab/SOAR/NSF/AURA/T. Kareta [Lowell Observatory], M. Knight [US Naval Academy] – CC BY-SA 4.0)
Gjin bedriging
Dimporphos, in 160 meter lange planetoïde, waard troch de romtesonde DART mei sa’n 20.000 kilometer yn ’e oere rekke. It eksperimint hat alles byinoar 325 miljoen dollar koste. De botsing wie in test dêr’t de NASA mei ûndersiket oft sa’n meneuvel de koerts fan in planetoïde dy’t op ierde driget yn te slaan, feroarje kinne soe. Dimporphos wie lykwols nea in bedriging foar de ierde. Hoefolle oft de koerts fan de romterots nei de botsing feroare is, moat de kommende tiid bliken dwaan.
De NASA wie tige tefreden oer de missy en ek oer de bylden fan de ynslach.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje