Provinsje jout Fryske boeren gjin fergunnings mear foar útsjitearme bûthúsflierren

oktober 4, 2022 20:47
Foto: Sven Brandsma (Unsplash)

De provinsje Fryslân sil gjin fergunnings foar útstjitearme bûthuzen mear ôfjaan. De provinsje docht dat, om’t de Rie fan Steat oardiele hat dat net dúdlik is oft dy wier ta minder stikstofútstjit liede, dat der al de bedoeling fan is. De ferantwurdlike deputearre Klaas Fokkens wol foarkomme dat de fergunnings neitiid oanfochten wurde. Der lizze op it stuit noch 150 oanfragen fan boeren foar sa’n fergunning op ‘e planke. Yn jannewaris wol de provinsje der op ‘e nij nei sjen. Yn ‘e tuskentiid docht de universiteit te Weinum ûndersyk. Begjin takom jier is hooplik mear ynformaasje beskikber.

De provinsje hat yn ‘e foarbye oardel jier al 95 boeren in fergunning jûn om mei sa’n bûthús te buorkjen. Dat hat roasters yn ‘e flier, dat de miich fuortsakje kin en net troch de stront hinne rekket. Dat jout dong mei minder stikstof deryn. Allinnich liket dat yn ‘e praktyk net altyd de stikstofreduksje te jaan dy’t ferwachte wie.

oktober 4, 2022 20:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.