‘Proef de Kunst’ yn Terherne takom wykein mei ûnder mear fotografy

oktober 19, 2022 08:47

Kommend wykein wurdt yn Terherne it kulinêre en kulturele evenemint ‘Proef de Kunst’ holden. De eksposysje is op bysûndere lokaasjes op sneon 22 en snein 23 oktober fan 11.00 oant 17.00 oere. Likernôch sechtich keunstners dogge mei. De ûnderwerpen rinne útinoar, fan keunst, portretten, natuer, pop oant urban-fotografy.

Ofbylding: ©Bob de Boer Photography

Fotograaf Bob de Boer fan Koarnjum is ien fan de dielnimmende keunstners. Syn wurken wurde útfergrutte ôfbylde op û.o. boarstele aluminium, wat in bysûndere yndruk en werjefte jout fanwege it ljocht dat op de foto’s falt en op it each weromspegelet. De Boer brûkt nea keunstljocht, mar spilet mei it besteande. Dat jout in opmerklik resultaat, benammen by de portretten en lânskippen. It fotowurk wurdt ek toand op dibond, pleksyglês, hout, keunststof en kanvas. De Boer hat in media-eftergrûn: hy hat jierren wurke as û.o. lûdsman, fideo-editor en muzykspesjalist by ferskate Nederlânske lanlike en regionale omroppen.

Yn Koarnjum hat De Boer al jierren it suksesfolle húskeamerteäter Concerts and More & De Wier, dat koartlyn in nije kulturele rjochting ynslein is. Yn Terherne is syn wurk te sjen op de lokaasje fan De Pastorij oan de Buorren 82.

oktober 19, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.