Premjêre ‘Vaders & Zonen’ op Noardlik Filmfestival

oktober 30, 2022 08:41 Fernijd

Vaders & Zonen, it komysk drama fan regisseur Jörgen Scholtens, giet op sneon 12 novimber yn premjêre op it Noardlik Filmfestival. De film is nominearre foar de Noorderkroon Award foar bêste spylfilm.

Byld út ‘Vaders & Zonen’ (boarne: Noardlik Filmfestival)

De film, mei haadrollen foar Fedja van Huêt, Guido Pollemans en Kees Hulst, is sûnt begjin augustus eksklusyf op Videoland te sjen en belibbet no syn festivalpremjêre op it Noardlik Filmfestival, yn oanwêzichheid fan in part fan de filmploech.

It ferhaal giet ûnder mear oer Loet (Fedja van Huêt). Hy is de fjirtich al foarby, mar wennet noch hieltyd mei syn broer Winnie (Guido Pollemans) thús by harren bazige en ûntfatsoenlike heit Baltus. De soannen libje fan de útkearing fan de heit en dogge alles wat dy seit, oant Baltus ynienen dea foar de telefyzje sit. De bruorren hawwe harren hiele libben heard dat se neat kinne en binne nea fierder as de pleatslike supermerk kommen. Om de útkearing fan heit te hâlden, dogge se him even yn ’e friezer. Wannear’t de heit oproppen wurdt foar syn healjierlikse hertkontrôle, beslute de bruorren yn in âldereintehûs fierderop mei in âldere man te regeljen dat dy’t him efkes as Baltus foardwaan kin… Yn de âldman Rink-Jan (Kees Hulst) fine se harren perfekte tydlike heit, mar hy hat sa syn eigen aginda om se te helpen. Dochs soe er wolris de heit wêze kinne dy’t de bruorren hiel hurd nedich hiene.

Vaders & Zonen, skreaun troch Daan Windhorst (De Kuthoer), Pepijn van Weeren (Little Amsterdam) en Jörgen Scholtens, is regisearre troch Jörgen Scholtens (Koekoek!, Little Amsterdam). Hy is produsearre troch Rachel van Bommel en Suzan de Swaan fan Millstreet Films, yn opdracht fan Videoland.

Njonken Vaders & Zonen steane der noch in lytse hûndert oare titels programmearre op it Noardlik Filmfestival, dat dit jier syn 42e edysje hat en duorret fan 9 oant en mei 13 novimber. De iepeningsfilm is op woansdeitejûn it priiswinnende The Banshees of Inisherin. De kaartferkeap is tongersdei úteinset. It folsleine programma is te finen op www.noordelijkfilmfestival.nl.

oktober 30, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.