Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate
Resint ferskynd

Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus (boarne: Tresoar)
Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t er fan 2017 oant 2019 as Dichter fan Fryslân makke. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.
It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is tiisdei troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn dy seal hingje de portretten fan de oare Gysbert Japicxpriiswinners ek.
De makker, Elske Schotanus (1957), is net allinne skilder, mar ek skriuwer. Yn har wurk leit se har de lêste tiid hieltyd mear ta op in kombinaasje fan skriuwend en byldzjend wurk. Har lêste wurk is de graphic novel Kyra (2022).
Mear ynformaasje oer Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus is te lêzen op de Fryske literatuerwebside www.sirkwy.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje