Planbureau: anty-buorkerijplannen Nederlânsk regear “onrealistisch”

oktober 4, 2022 20:04
Foto: Wikipedia

De plannen fan it Nederlânske regear om it tal buorkerijen yn Fryslân en de oare provinsjes gâns te ferleegjen binne “onrealistisch”. Dat is de konklúzje fan it Planbureau voor de Leefomgeving, dat wittenskiplik advys oan de Ryksoerheid jout op it mêd fan miljeupolityk.

De ûndersikers sjogge fjouwer grutte swierricheden: as earste hawwe útkeapregelings oer it generaal allinnich súkses by âlde boeren, dy’t gjin opfolger hawwe. Dy foarmje mar in lyts oanpart fan ‘e boerestân yn Nederlân. As twadde meitsje boeren oer it generaal allinnich gebrûk fan útkeapregelings as it in minne tiid foar de boeren is, wylst in boer op ‘t heden krekt in goed stik brea ferstjinje kin. As tredde sille krekt de yntinsive en meast rendabele bedriuwen it minste ferlet hawwe om op te hâlden, wylst de oerheid dy it leafste kwyt wol.

De fjirde swierrichheid spilet as de earste trije te min opsmite en de oerheid besykje sil om boeren ta ophâlden te twingen, bygelyks troch ûnteigening. Soks is yn Nederlân net samar klear. It sil de oerheid in soad tiid en jild kostje om fia lange juridyske prosedueres boeren ta ferkeap fan harren bedriuw te twingen. In probleem yn it hjoeddeiske gefal is neffens it Planbureau dat de oerheid allinne de stikstofregels as argumint hat en dat de rjochter dat nei alle gedachten net as foldwaande ûnderbouwing sjen sil, mei’t de oerheid ek op oare wizen besykje kin om oan dy regels te foldwaan, bygelyks mei technyske oanpassings of troch it sluten fan oarsoartige bedriuwen. Fierders sil de spanning tusken oerheid en boargers slim tanimme as de oerheid op grutte skaal boeren foar de rjochter sleept.

It Planbureau basearret syn konklúzjes op ûnderfinings mei útkeapregelings út it ferline. It seit dat in útkeapregeling op himsels bydrage kin oan better miljeu en oan it plennen fan nijbouwiken, mar dat der foar it heljen fan de Europeeske stikstofdoelen net tefolle fan ferwachte wurde mei.

oktober 4, 2022 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.