Piet Adema nije Nederlânske lânbouminister

oktober 3, 2022 21:56

Piet Adema wurdt de nije Nederlânske minister fan lânbou. Adema hat earder deputearre yn Fryslân en boargemaster fan Achtkarspelen west. Hy hat ek boargemaster west fan de Drintske gemeenten Tynaarlo en Borger-Odoorn en wie acht jier lang lanlik foarsitter fan de ChristenUnie.

Adema folget Henk Staghouwer op, dy’t begjin septimber dien naam. Adema kriget it net maklik: der wurdt al moannen demonstrearre tsjin de plannen fan it Nederlânske regear om in soad buorkerijen te sluten. It regear wol op dy manier foldwaan oan in Europeeske ferplichting om de útstjit fan stikstof te beheinen.

“De landbouw heeft toekomst in ons land”, sei Adema moandei. Hy wol dat der foar de boeren fluch “duidelijkheid, rust en zekerheid” komt. Hy wol sjen dat er de boeren begeliede kin nei in miljeufreonlike wize fan buorkjen. Hy wurket dêrby nau gear mei Christianne van der Wal, de ministerske foar natoer en stikstof.

oktober 3, 2022 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.