Pier Bergsma: Tytsjerksteradiel en it gevelfrysk

oktober 28, 2022 18:03

Foto Pier Bergsma

De gemeente skriuwt: ”Jo brief is bepraat mei de nije wethâlder Frysk en wy binne it mei jo iens dat wy yn beide gefallen de Fryske taal brûke koene. It buordsje yn it swimbad sille wy ferfange en wy sille sjen oft der noch mear mooglik is om it Frysk sichtber te meitsjen. Ein dit jier organisearje wy in gearkomste oer it Frysk taalbelied en wy noegje jo út om mei ús mei te tinken”.

Ofrûne simmer koe ik it net litte om in brief te skriuwen oan ús gemeentbestjoer oangeande it brûken fan de Fryske taal. Oan de gevels sil it net lizze. En de húskedoarren fan swimbad De Wetterstins jouwe oan oft it in húske foar ‘manlju’ of foar ‘froulju’ is, mar dêr hâldt it mei op. It buordsje yn de manljushúskes is noch net ferfongen. Dêr gie it my net om. Wat kin my dat ûnnoazle buordsje skele. Ik sil jim op ’e hichte hâlde fan de gearkomste dêr’t ik noch foar útnûge wurdt. Hjirby de tekst fan de brief

Oan it gemeentebestjoer fan Tytsjerksteradiel

Hurdegaryp, 27 augustus 2022

Achte gemeentebestjoer,

Fansels bin ik as ynwenner fan Tytsjerksteradiel tige ynnommen mei it taalbelied oangeande it Frysk fan ús gemeente. Benammen de neamde foarbyldfunksje en sichtberens sprekke my oan. Ik sitearje :

Frysk taalbelied

It jout fertrouwen om jinsels uterje te kinnen yn jins memmetaal, boppedat soarget taal ek foar (fer)bining tusken minsken ûnderling.

Wy binne ús bewust fan ús foarbyldfunksje en litte oan ús ynwenners sjen dat der yn ús gemeente sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen en skreaun wurde kin. Wêr mooglik besykje wy de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen en it draachflak te ferbreedzjen.

De algemiene doelstelling fan ús Frysk taalbelied is: ‘It kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.’ Dêrby jildt it útgongspunt dat de ynwenners fan ús gemeente harren eigen taal brûke kinne om harren fragen te stellen en harren winsken dúdlik te meitsjen. Frije taalkar en respekt foar dizze kar is ús útgongspunt.

No haw ik wolris heard dat it yn it libben net giet om wat je sizze en skriuwe, mar benammen om wat jo dogge. Dêr jou ik in pear foarbylden fan.

Ik gean elke moarn om sân oere op in gewoane fyts – traapje is better as mei de kont op it elektrysk – om te swimmen yn ‘De Wetterstins’. Fan it Frysk is dêr útsein in pear wurden lyk as ‘manlju’ en ‘froulju’ op de ‘húske’doarren neat te fernimmen. Yn de manljushúskes hinget in buordsje dat “het toilet wordt gespoeld met regenwater”. In nuttige meidieling, want stel dat ien him ôffreegje soe wêr’t dat toilet yn de frede mei trochspield wurdt. It soe te winskjen wêze dat de gemeente like folle ophie mei it Frysk as mei it miljeu.

It binne allegearre Frysktaligen dy’t der moarns swimme, wat soe it moai wêze dat men foar en nei dat swimmen – tank, tank dat de gemeente dat yn stân wit te hâlden – ek nochris yn de gaten krijt dat it taalbelied mear is as as in papieren tiger troch alle ynformaasje yn it Frysk te jaan. Twatalich liket my net nedich. Ek dy pear Nederlânsktaligen soene de meidielings grif begripe.

Dan lei by ús op ‘e tafel “Burgum heeft meer” Bewaarexemplaar 2022/2023. Een útjefte fan 100 siden mei ynformaasje oer “Hoe leuk Burgum is”. Ta myn ferbjustering stiet der gjin wurd Frysk yn. Sels Jeroen Gebben ús ‘gastvrije’ boargemaster hat net de muoite nommen om der oer nei te tinken hokker taal oft er brûke moast yn it foaropwurd. Neffens him is dit “magazine is een geweldig uithangbord van gastvrij en ondernemend Burgum’.

Neffens my is ek dit in foarbyld fan hoe’t it net moat. “Mar ja it is in magazine fan it bedriuwslibben en dy binne skitendebenaud dat de minsken aanst de ynformaasje net lêze kinne”. Nee dat sil wol, mar hâldt dan yn de frede ek op mei Frysk yn it ûnderwiis en mei in Frysk taalbelied at der yn de praktyk fan it deistich libben neat mei dien wurdt.

Ik haw “Burgum heeft meer” fan ‘e moarn betiid noch krekt by it âld papier smiten dat sa as jimme grif witte yn Hurdegaryp al sûnt de midsiuwen perfekt organisearre wurdt.

Fansels bin ik nijsgjirrich om te witten hoe’t de gemeente dan wol stal jout oan dy moaie doelstellings oangeande it Frysk.

Mei freonlike groetnis,

Pier Bergsma

 

 

oktober 28, 2022 18:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.