Pier Bergsma: FUEN-kongres yn teken fan oarloch
Resint ferskynd
Skôging
Fan tongersdei 29 septimber oant en mei sneon 1 oktober hold de FUEN yn Berlyn syn jierkongres. Mear as twahûndert minsken fan sa’n 25 nasjonaliteiten kamen byinoar om te praten oer problemen en oplossingen.

Brandenburger Tor (boarne pixabay.com)
Nei de Twadde Wrâldoarloch wie der yn Europa ferlet fan gearwurking tusken de lannen. Sa waard yn 1949 de Ried fan Europa oprjochte. Dêr binne op dit stuit sa’n fyftich lannen lid fan, folle mear dus as fan de Europeeske Uny. In oare organisaasje dy’t yn datselde jier oprjochte waard, is de FUEN, de Federal Union of European Nationalities. It is de grutste organisaasje yn Europa dy’t foar minderheden opkomt, en dan giet it benammen om de rjochten op it mêd fan kultuer en taal.
De Ried fan de Fryske Beweging wie der al in pear jier earder, nammentlik yn 1945. Op inisjatyf fan de Ried waard de earste gearkomste fan de FUEN yn 1950 yn Ljouwert holden. Dêrnei hat de FUEN noch in pear kear yn Fryslân west. Doe’t Ljouwert yn septimber 2013 ferkeazen waard ta kulturele haadstêd, hat de Ried fan de Fryske Beweging fuort en daliks aksje ûndernommen en de FUEN útnûge om syn jiergearkomste fan 2018 hjir te hâlden.
Kiev en Talinn gjin gaadlike plakken mear foar in kongres.
In pear jier lyn wie it de bedoeling om it jierkongres fan 2020 yn Kiev te hâlden. By neier ynsjen fûnen guon fan it bestjoer dat net in goed idee. Doe kaam Covid en waard alle oerlis organisearre mei ZOOM. Doe’t der útsjoch kaam op in gewoan kongres yn 2022 soe dat yn Talinn wêze. Dêr is in grutte Russyske minderheid. Yn it ljocht fan de problemen mei Ruslân koe dat net trochgean. Nei oerlis waard it net Straatsburch of Brussel, mar Berlyn fan tongersdeitemiddei 29 septimber oant en mei sneon 1 oktober. Berlyn as plak fan moeting foar in Europeesk kongres hat as foardiel dat it goed te berikken is.
Der wurdt op it stuit in soad klage oer it treinferfier yn Nederlân. Lytse smoarfolle treinen. No haw ik ek al moai wat jierren ûnderfining mei it Dútske spoar. Bygelyks om nei Switserlân te reizgjen. Stapst yn Hurdegaryp op ’e trein nei Visp. Dêrnei mei de bus nei Saas Grund, om dêr yn de bergen te rinnen. Wy waarden net fleurich fan dy Deutsche Bahn. Treinen kamen geregeld te let oan yn Hannover of Basel mei as gefolch dat we ús oansluting net hellen en sadwaande besprutsen plakken kwyt wiene.
Sa slim as ôfrûne kear nei Berlyn haw ik it nea earder meimakke. Kreas op tiid al op woansdei om sân oere fuortgien, moast ik yn Zwolle oerstappe op de trein nei Amersfoort. Just keazen om dêr de trein nei Berlyn te nimmen, dan koe ik sitten bliuwe. Maklik ek foar myn tearfyts dy’t ik meinaam. (Berlyn is in geweldige fytsstêd). Yn Zwolle nea earder sa’n grôtfolle trein sjoen. Gjin plak, ek net yn de earste klasse. Mar it waard noch slimmer, want dy ICE fan Amsterdan nei Berlyn gie om in ûnbegryplike reden net fierder as Hannover. Dêr dus oerstappe op in echte ICE dy’t yn oardel oere nei Berlyn rydt, mar allinne plak op ‘e flier fan it foarbalkon en deun neist fyts en grutte rêchpûde sitte yn stee fan in besprutsen plak. De problemen op de weromreis fan Amersfoort nei Ljouwert sil ik jimme besparje. Doe’t ik dêr ynstapte wie der noch wol ien dy’t it net litte koe om te sizzen dat ik gelokkich net in soad by my hie.
In Russyske tolk wie amper nedich
Mar no oer it kongres. Lykas meastal hie de FUEN in goede lokaasje besprutsen, it H4 hotel by de Alexanderplatz mei in soad perfekt oarganisearre sealen foar presintaasjes. Dochs lei der in domper op it kongres troch de oarloch yn Oekraïne. Der wiene lykas altyd simultaan oersettingen yn it Ingelsk, Dútsk en Russysk, mar jim sille begripe dat der net in soad minsken wiene dy’t dy lêste taal as earste taal hiene. Der waard sa’t te ferwachtsjen wie in resolúsje oannommen dy’t fan de iene kant it misdiedige hâlden en kearen fan Ruslân feroardielde, mar fan de oare kant ek omtinken frege foar minderheden yn Oekraïne. Om dúdlik te wêzen: om ta frede te kommen soe it fan wiisheid tsjûgje om de Russyske minderheid yn it lân net te diskriminearjen. Yn hokker mjitte dy resolúsje effekt hawwe sil, dêr haw ik myn twivel oer.
Yn de diskusjes op sneon oer de resolúsjes kaam der út it publyk in oprop om Hongarije te feroardieljen fanwegen syn net oan de demokrasy hâlden. Sa’n oprop like my net in goed idee, mar foardat ik it wurd deroer krige, waard it ôfsketten troch it FUEN-bestjoer. Foar my is it dúdlik: de FUEN is in minderhede-organisaasje en moat him net útsprekke oer ûntjouwingen dy’t dêr neat mei te krijen hawwe. Foarsitter Lórant Vincze wie fan betinken dat der troch de Europeeske Kommisje yn Brussel al genôch ûndernommen waard om Hongarije ta de oarder te roppen.
Sjoch foar de resolúsje oer de Oekraïne it kursive part fierderop.
Guon minderheden meitsje der op de jierkongressen in gewoante fan om mei kleisangen te kommen. Men kin der begryp foar hawwe dat se harren ferhalen en problemen diele wolle mei oaren, mar helpe docht soks net. Ik haw der mear as ien kear foar pleite om mei ‘Good practice’- foarbylden te kommen. Dat haw ik besocht te dwaan yn de Non-Kinstatesgearkomste fan freedtemoarn. Ik wie útnûge om der in ferhaal te hâlden oer de situaasje yn Fryslân en wat wy hjir dogge.
Ynkoarten is der op de site fan de FUEN wiidweidige ynformaasje oer dit Berliner Kongres. Noch aardich om te melden dat de ûntfangst op de tongersdeitemiddei organisearre wie troch de dielsteat Brandenburg yn it sintrum fan Berlyn yn de strjitte mei de tapaslike namme ‘In der Ministergarten’. Dêr trof ik neist in tal oare bekenden ek Sijbe Knol en Wopke Veenstra fan de FNP en Frank de Boer dy’t jierren foar de FUEN wurke hat, mar dy’t der no wie út namme fan de EFA, in oare Europeeske minderhedepartij.
FUEN-Delegiertenversammlung stimmt über Resolution zur Ukraine
Auf ihrem Kongress in Berlin verabschiedete die FUEN-Delegiertenversammlung am Samstag, den 1. Oktober 2022, eine Hauptresolution zum Krieg in der Ukraine und zum globalen und europäischen Rahmen für den Minderheitenschutz.
„Wir verurteilen den russischen Angriffskrieg und die Kriegsverbrechen und betonen, dass im Interesse des Zusammenhalts und der Konfliktlösung und -vermeidung der Schutz und die Unterstützung aller im Land lebenden Minderheiten wichtig ist“, heißt es. Die FUEN betont darin, „dass es wichtig ist, die Zugehörigkeit der Minderheiten zur Ukraine zu betonen und ihre Beteiligung an der Verteidigung des Landes zu würdigen“, verbunden mit dem Appell: „Es darf kein Versuch unternommen werden, die Minderheiten an den Rand zu drängen.“ Mit Blick auf die Zukunft heißt es, „dass die Unterstützung der Ukraine durch die im Lande lebenden Minderheiten nach dem Ende des Krieges zu einer neuen Minderheitenpolitik der Ukraine führen sollte, die allen in der Ukraine lebenden Minderheiten, Rechte auf der Grundlage der europäischen Menschenrechts- und Minderheitskonventionen gewährt“. Gleichzeitig sollten die ukrainischen Minderheiten gleichberechtigt in Pläne zum Wiederaufbau und der Entwicklung der Ukraine aufgenommen werden.
Yn oersetting mei Google Translate. (Dat wurket aardich, ik haw in pear wurden oanpast, net alles dus.)
Op syn kongres yn Berlyn op sneon 1 oktober 2022 hat de FUEN Gearkomste fan Delegaten in haadresolúsje oannommen oer de oarloch yn Oekraïne en oer it wrâldwide en Europeeske ramt foar de beskerming fan minderheden.
“Wy feroardielje de Russyske oarloch fan agresje en oarlochsmisdieden en betinke dat yn it belang fan gearhing en konfliktoplossing de beskerming en stipe fan alle minderheden dy’t yn it lân wenje wichtich is,” sei it. Dêryn beklammet FUEN “dat it fan belang is om te beklamjen dat de minderheden by Oekraïne hearre en harren dielname oan de ferdigening fan it lân te wurdearjen”, kombinearre mei de oprop: “Der mei net besocht wurde om de oansteande minderheden te marginalisearjen.” Sjend nei de takomst, stiet yn de resolúsje “dat stipe foar Oekraïne troch de minderheden fan it lân nei de ein fan ‘e oarloch liede moat ta in nij minderheidsbelied fan Oekraïne, it jaan fan alle minderheden dy’t yn Oekraïne wenje rjochten basearre op de Europeeske konvinsjes foar minskerjochten en minderheden.” Tagelyk moatte de Oekraynske minderheden op gelikense foet opnommen wurde yn plannen foar de weropbou en ûntwikkeling fan Oekraïne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje