Oanbefelling werbeneaming kommissaris fan de Kening
Resint ferskynd

Kommissaris Arno Brok (foto: Arie Bruinsma)
Provinsjale Steaten binne foar werbeneaming fan de hear drs. Arno Brok yn it amt fan kommissaris fan de Kening fan de provinsje Fryslân. Provinsjale Steaten fan Fryslân stjoere in oanbefelling nei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Woansdei hawwe se dat mei-inoar bepraat.
Brok is sûnt 1 maart 2017 kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dy beneaming, troch de Kroan, jildt foar in tiid fan seis jier. Ofrûne simmer sette de minister de proseduere foar werbeneaming yn.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje