NS Publykspriis net útrikt fanwege manipulaasje
Resint ferskynd
De NS Publykspriis wurdt dit jier net útrikt. Neffens de organisaasje is it stimproses op grutte skaal manipulearre en is it dêrtroch ûnmooglik wurden om it stimmen earlik ferrinne te litten.

Boarne: CPNB
Ofrûne wykein waard de stimmodule foar de boekepriis al in skoftke stillein nei berjochten dat mailadressen fan Twadde Keamerleden brûkt waarden om op it boek fan Thierry Baudet, Het Coronabedrog, te stimmen. De stifting Collectieve Propaganda van het Nederlandse boek (CPNB), dy’t de publykspriis organisearret, fierde in oplossing troch. Minsken dy’t op in boek stimme woene, krigen earst in mail dêr’t se har stim mei ferifiearje moasten.
Nettsjinsteande dy oanpassing is it ûnmooglik wurden om in oannimlike stimming te hâlden, seit CPNB. Der is sprake fan manipulaasje, seit de stifting, dy’t as doel hat om Nederlânske boeken yn omtinken te bringen. “It is tryst dat de troch de konstatearre manipulaasje dy doelstelling no tekoart dien wurdt.”
De NS Publykspriis wurdt alle jierren útrikt. Minsken kinne stimme op de seis bêst ferkochte boeken, mar stimme op oare boeken is ek mooglik. It boek fan Baudet heart net by de seis bêst ferkochte wurken. It stimmen soe oant 16 novimber duorje. It prizejild sil de stifting ferpartsje oer de seis nominearre auteurs. Dy krije ek allegear in jierkaart fan de NS, om harren foar har ynset te betankjen.
Baudet seit yn in reaksje op Twitter dat er de gong fan saken “echt hiel nuver” fynt. “No hawwe se dus sein dat se net garandearje kinne dat it stimproses earlik gien is, mar se jouwe dêr hielendal gjin útlis by. Ik fyn dat echt hiel nuver.” De partijlieder fan Forum voor Democratie seit dat er útlis wol fan de organisaasje. “You better come with a very good story.”
De #NSPublieksprijs is afgelast omdat er zou zijn gesjoemeld met het stemmen. Wat dit betekent blijft volstrekt onduidelijk. Het kan ook haast niet, want je moet je stem bevestigen per mail. Heel raar verhaal, ik eis opheldering.
#coronabedrog pic.twitter.com/58c1cnuYaD— Thierry Baudet (@thierrybaudet) October 26, 2022
Neffens de CPNB is it op koarte termyn ûnmooglik om fêst te stellen wa’t ferantwurdlik is foar de digitale manipulaasje fan de stimmodule fan de NS Publykspriis. Yn in parseberjocht besiket de CPNB it beslút om de priis net út te rikken, op te helderjen. Neffens de CPNB wie it “ûneigentlik om auteurs of boeken fan de NS Publykspriis 2022 út te sluten”. En de stimmodule koe net fluch befeilige wurde foar in betrouber stimresultaat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje