Nominearren foar Noorderkroon Awards bekend
Resint ferskynd
De nominearren foar de Noorderkroon Awards binne bekend. Der binne sân kategoryen, allegear mei trije kânshawwers: fan jong talint oant profesjonele makkers. De winners wurde buorkundich makke by it Noardlik Filmfestival, dat fan 9 oant en mei 13 novimber holden wurdt yn Ljouwert.

Boarne: NFF
De Noorderkroon – en de byhearrende priisútrikking – is it ûnderdiel fan it festival dat filmmakkers út de noardlike regio in poadium biedt. “Der bart in hiel soad op it mêd fan film. Dat wolle wy graach oan it publyk sjen litte om sa de noardlike makkers yn ’e skynwerpers te setten”, seit programmeur Loes Brinkman. In grut part fan de hast fyftich ynstjoeringen is op it filmfestival yn Ljouwert te sjen. It folsleine skema is te finen op www.noordelijkfilmfestival.nl.
In saakkundige, trijekoppige sjuery wiist yn alle kategoryen in winner oan. Ynstjoeringen wurde beoardiele op kwaliteit, orizjinaliteit, aktualiteit en kreativiteit. It is foar de njoggende kear dat de Noorderkroon Awards útrikt wurde.
De nominearren yn de ûnderskate kategoryen binne:
Bêste spylfilm
– Vaders & Zonen fan Jörgen Scholtens
– Strijder fan Camiel Schouwenaar
– Waddenzeevolk fan Koos Buist
Bêste lange dokumintêre
– ANS fan Jasper Huizinga en Lotte Veltman
– Blazen in Vuur fan Chris Frieswijk
– Liefsteling fan Eva van Barneveld
Bêste koarte fiksje
– Closet Clouds fan Antonia Rehnen
– Le Pain fan Pepijn Tebrunsvelt
– Vlucht fan Frank Hartman
Bêste koarte dokumintêre
– Gedragen door de wind fan Merel Musch
– Lage tonen brede groeven fan Chris Frieswijk
– Ich Flüstere mir zu fan Jelte van Lente & Hanne van der Velde
Bêste studintefilm
– A Pay for Public fan Vida Kasaei & Amir Komelizadeh
– Between Summits fan Ilse Lavell & Roeland Wendel
– Het pad van Sien fan Karim Ouri
Bêste amateurfilm
– Gustav & Grace fan Lucas Boerwinkel
– Humid fan Ida Boxem
– Taoism fan Mats Kribben
Grutste jong talint
– Ilse Lavell (Between Summits)
– Lucas Boerwinkel (Gustav & Grace)
– Ida Boxem (Humid)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje