Noardlik Filmfestival iepenet mei ‘The banshees of Inisherin’
Resint ferskynd
De 42e edysje fan it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert is dit jier fan woansdei 9 oant en mei snein 13 novimber. It publyk kin dan, lykas wenst, fiif dagen lang fan in grutte fariaasje oan films en dokumintêres genietsje. De iepeningsfilm is The banshees of Inisherin.

Foto: Lucas Kemper
De film fan regisseur Martin McDonagh (In Brughes, Three billboards outside Ebbing, Missouri) is op it Noardlik Filmfestival pas foar de twadde kear yn Nederlân te sjen. The banshees of Inisherin gie ferline moanne yn wrâldpremjêre op it filmfestival fan Feneesje en foel dêr fuortdaliks yn ’e prizen. Regisseur McDonagh wûn de priis foar bêste senario en haadrolspiler Colin Farrell krige de priis foar bêste manlike akteur. Distributeur Disney bringt de film yn jannewaris 2023 út yn ’e bioskopen en filmteaters.
Harmen Huizenga, ien fan de trije programmeurs fan it Noardlik Filmfestival, wie yn Feneesje oanwêzich. “By in wrâldpremjêre wit men noch hielendal neat fan in film”, fertelt er. “Mar ûnder it sjen wie al te fielen: dit is wat bysûnders en nei ôfrin wie te fernimmen dat parse en kollega-programmeurs ek tige te sprekken wiene. De film is humoristysk, mar hat ek in grimmitich rântsje en hy sit fol mei hearlike, strakke dialogen. Underhûds sit der fan alles yn. Dat is ek de krêft fan dizze filmmakker: hy kin tige goed skriuwe.”
Jacqueline Schrijver, direkteur fan it festival, sprekt har winsk foar de kommende edysje út: “Ik hoopje dat in protte minsken it paad nei ús ta fine, dat wy in goed, libbensliif festival delsette kinne en dat De Harmonie opnij ús brûzjend festivalhert is. Want it Noardlik Filmfestival is folle mear as allinnich it filmprogramma. De sfear wurdt priizge en dy koesterje wy.”
As oanfolling op it filmprogramma hellet de organisaasje in stikmannich regisseurs, filmmakkers en oare relevante sprekkers nei Ljouwert foar in ynlieding, fraachpetear of wurkatelier. It folsleine programma wurdt 12 oktober buorkundich makke en is fan dy dei ôf werom te finen op www.noordelijkfilmfestival.
Besjoch de oankundigingsfilm fan The banshees of Inisherin op YouTube.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje