Nederlânsk wurdt ferplichte fak op Waalske skoallen

oktober 24, 2022 13:11

Yn Flaanderen leare alle bern op skoalle Frânsk. Logysk, soe men tinke, want krapoan de helte fan België is Frânsktalich en wa’t in politike karriêre folgje wol of foar de nasjonale oerheid wurkje wol, moat beide talen goed behearskje. Yn Walloanië waard lykwols net sa tocht. Bern leare der pas yn de fyfde klasse fan it basisûnderwiis in frjemde taal en kinne dan kieze tusken Nederlânsk en Ingelsk – en soms ek Dútsk. Rûchwei twa tredde diel fan de bern kiest foar it Ingelsk, wylst yn België kennis fan it Nederlânsk oer it generaal folle mear mooglikheden jout. De situaasje liedt der bygelyks yn Belgyske regearen gauris ta dat Flaamske politisy har sûnder muoite fan beide lânstalen betsjinje, wylst Waalske politisy it Nederlânsk amper behearskje. Fierder is de wurkleazens yn Walloanië heech, wylst Flaanderen krekt ferlet hat fan arbeidskrêften. De breklike behearsking fan it Nederlânsk keart it forinzjen oer de taalgrins hinne op.

De regearingspartijen yn Walloanië hawwe harren lang ferset tsjin Flaamske druk om it Nederlânsk as ferplichte fak op Waalske skoallen yn te fieren. De Waalske ministerske fan ûnderwiis Caroline Désir hat no lykwols in Keamermearderheid fûn foar har plan om dat te feroarjen. Mei yngong fan it skoallejier 2027-2028 wurdt Nederlânsk fan ‘e tredde klasse ôf in ferplichte fak.

Yn Flaanderen krije bern fan ‘e fyfde klasse ôf Frânske les. De behearsking fan de Frânske taal yn Flaanderen wurdt lykwols minder en yn Flaanderen wurdt deroer praat oft it tal lessen Frânsk ek útwreide wurde kin om dat tsjin te gean.

oktober 24, 2022 13:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim oktober 25, 10:00

    https://www.jobat.be/nl/art/1-op-5-vacatures-vraagt-kennis-van-frans-of-engels
    Frânsk is yn Flaanderen dus faker ferlet fan as Ingelsk, foar Hollânsk sil dan ek wol ferlet wêze yn Walloanië.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.