Natuer- en miljeu-organisaasjes matich posityf oer advys Remkes

oktober 6, 2022 13:06

Natuur & Milieu, Natuurmonumenten, Milieudefensie, LandschappenNL, de Natuur en Milieufederaties, Vogelbescherming Nederland, SoortenNL en Wereld Natuur Fonds binne bliid dat Remkes konsistint is mei syn eardere befining om de needsaaklike aksjes te ûndernimmen foar it ophelpen fan de natuer. Se sitte lykwols oer it tiidpaad fan no nei 2030 yn, omdat troch tuskentiidske mjitmominten romte ûntstean kin om de doelen út te stellen. It eventueel útwurkjen yn in lânbouakkoart kin ek opûnthâld feroarsaakje.

Omdat it stikstofprobleem foar de natuer sa ferskriklike grut is, is alle opûnthâld desastreus. Wetlike ferankering fan it reduksjedoel moat sa gau mooglik. As de saak no werklik oanpakt wurdt is der hoop dat de natuer yn Nederlân noch te rêden is, neffens de natuerorganisaasjes.

“De FMF kin net wachtsje om yn Fryslân oan ’e slach te gean. It is twa foar tolven foar de natuer”, seit Hans van der Werf, direkteur fan de Fryske Miljeufederaasje.

De natuer- en miljeu-organisaasjes stjoerden yn july al in brief nei de eardere minister Staghouwer mei oanbefellingen om perspektyf foar in takomstbestindige lânbou te jaan. Dy is hjir te lêzen: https://www.natuurenmilieufederaties.nl/nieuws/natuur-en-milieuorganisaties-doen-aanbevelingen-om-uit-stikstofcrisis-te-komen/

oktober 6, 2022 13:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.