Moai sein, mar it jildt net foar my
Resint ferskynd
Ynstjoerd
‘Alder wurde is in fassinearjend proses, dêr’t wy yn wurde wa’t wy altyd al wêze moatten hiene.’
In útspraak dy’t taskreaun wurdt oan David Bowie.
Ik woe dat de wurden fan Bowie ek op my fan tapassing wiene. It earste part kin ik mei ynstimme: ik wurd âlder en as ik ‘fassinearjend’ – miskien wat te sterk ôfswakke, dat wol – mei ‘neat mis mei’ oersette kin, dan bin ik dat mei Bowie iens.
It twadde part leit my swierder op ’e mage: ik krij by it tanimmen fan de jierren wol troch wa’t ik wêze moatten hie, mar ik wurd it net. Mei oare wurden: it makket my net tefreden mei mysels, sa’t Bowie suggerearret, it ropt earder in gefoel fan ûnfoldienens op.
Nee, lije doch ik dêr net ûnder, mar bliid kin ik der ek net mei wêze. De ûntjouwing dy’t Bowie blykber trochmakke hat, giet oan my foarby.
Inger Wets
Yn it kommentaar oer âlder wurden skimert hieltiid wer troch ‘eltsenien wol âlder wurde, mar net âlder wêze’. Leaver sein: de persoanlike eangst foar it unbekinde fan âlder wêzen. En omt men sokke útspraken allinnich hearre en noteare wol fan minsken dy’t noch net âld (genôch) binne. Núver,