Minister fan Ynlânske Saken Hanke Bruins Slot hâldt Rede fan Fryslân

oktober 1, 2022 08:58

Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins Slot sprekt dit jier de Rede van Fryslân út. Op 24 novimber sil sy yn Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert har fyzje op de takomst fan de Fryske taal jaan. 

Hanke Bruins Slot (foto: Ryksoerheid/Martijn Beekman)

Kommissaris fan de Kening Arno Brok: “Ik bin wiis mei de tasizzing fan de minister. Sy nimt de twadde Rykstaal serieus. De Fryske taal is in aktueel en relevant tema en in pylder fan ús identiteit. Hoe kin it gebrûk en de posysje fan de taal fersterke wurde? Ik bin benijd nei de fyzje fan de minister.”

Frou Bruins Slot waard yn jannewaris minister yn it kabinet Rutte IV. Earder wie sy lid van Deputearre Steaten fan de provinsje Utert en lid van de Twadde Keamer.

Tradysje
De Rede fan Fryslân is in jierlikse tradysje fan de provinsje Fryslân. Op útnûging fan de kommissaris fan de Kening hâldt in prominint persoan Fryslân mei it each op de takomst de spegel foar.

Eardere sprekkers wiene Tamarah Benima, Carola Schouten, Gerrit Hiemstra, Herman van Rompuy, Pieter Winsemius, Prins Carlos de Bourbon de Parme, Olaf Koens, Gerdi Verbeet, Bernard Wientjes en Gerrit Coen Teulings.

oktober 1, 2022 08:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren Singelsma oktober 3, 18:29

    It soe wol aardich wêze as we har ris fergje koenen oer it Frysk urn de grûnwet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.