Minder oanwaaks wentefoarrie yn Fryslân yn 2022
Resint ferskynd
Yn ’e provinsje Fryslân is der nei Seelân it minste tal wenten op 100.000 ynwenners bykommen. De provinsje skoart ek leger by it opleverjen fan nijbouwenten. Dat docht bliken út analyze fan VvE-behearder Parel Beheer, dy’t koartlyn ferskynde sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS), oer de earste acht moannne fan 2022, ûnder de loep naam.

Foto: pixabay.com
Op 100.000 ynwenners kamen der yn Fryslân mar 228 wenten by, wylst yn Nederlân yn trochsneed 295 wenten op 100.000 ynwenners oan de wentefoarrie taheakke binne. De oanwaaks fan de wentefoarrie is dêrmei 23 persint lytser as de lanlike yn trochsneed. Mei 227 nijbouwenten mear op 100.000 ynwenners, komt Fryslân op it mêd fan nijbou santjin persint ûnder de Nederlânske trochsneed út.
Grutte ferskillen tusken provinsjes
Njonken de Fryslân bliuwe Seelân en Súd-Hollân ek efter. Yn ’e provinsjes Flevolân, Grinslân en Utert is de wentefoarrie op 100.000 ynwenners it meast tanommen. Op it mêd fan nijbou kamen der ôfset neffens it tal ynwenners it lytste tal nijbouwenten by yn ’e provinsjes Limburch, Drinte en Gelderlân. Yn ’e provinsjes Flevolân, Noard-Hollân en Utert waarden op 100.000 ynwenners de measte nijbouwenten oan de wentefoarrie taheakke.
De folsleine útkomsten, mei in analyzje de provinsje ynbegrepen is te finen op: parelbeheer.nl/onderzoek-voorraad-woningen-2022.

Boarne: CBS

Boarne: CBS
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje