Minder huzen yn sosjale hier, frije sektor waakst just oan
Resint ferskynd
It oanpart sosjale hierwenten is de ôfrûne jierren tebekrûn fan 37 persint fan 34 persint. Underwilens naam neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk it oanpart hierwenten yn de frije sektor ta fan fjouwer nei hast acht persint.

Foto: pixabay.com
Tusken 2012 en 2021 kamen der 600.000 wenromten yn Nederlân by, mar gjin sosjale hierwenten. Foaral private ferhierders ferhiere no folle mear wenten yn de frije sektor. Yn dyselde perioade naam by wenningkorporaasjes it tal sosjale hierwenten licht ôf. It oanpart middenhierwenten, dat binne wenten mei in keale hier fan op syn heechst tûzen euro, is wol tanommen. Dy meitsje no fiif persint fan alle wenromten út.
Sosjale en frije sektor
Hierwenten meitsje sa’n 41 persint fan alle wenromten yn Nederlân út. In grut part dêrfan is regulearre, dat binne benammen sosjale hierwenten mei in hier fan op syn meast 752,33 euro. Yn ’e frije sektor mei in ferhierder sels de priis fêststelle. Amsterdam spant de kroan: dêr ferdûbele it tal frijesektorwenten nei 22 persint, wylst der just minder regulearre binne. Yn Utert, De Haach en Rotterdam is dy trend ek te sjen. Eindhoven is de útsûndering: dêr naam just it tal wenten yn de sosjale sektor ta en it tal middenhierwenten ôf.
Grutte ferskillen de gemeente
It oanpart sosjale hierwenten ferskilt yn Nederlân fan gemeente ta gemeente nochal wat. Sa is dat yn bygelyks Alphen-Chaam, Eijsden-Margraten en Veere fyftjin persint, wylst it yn bygelyks Vlaardingen en Heerlen mear as 45 persint is. Yn de measte gemeenten wie it oanpart sosjale hierwenten op it mjitmomint fan it CBS ûnder de 28 persint. Dêrmei sitte se noch ûnder it persintaazje dat minister De Jonge fan Folkshúsfêsting neistribbet. Dy wol dat yn 2030 de gemeenten op syn minst tritich persint sosjale hierwenten hawwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje