‘Mijn Kinddossier’ no ek yn Fryslân

oktober 22, 2022 08:44

Dit wykein krije de âlden fan 80.000 bern yn Fryslân in brief dêr’t yn oankundige wurdt dat se op it ynternet ynformaasje ynwinne kinne oer it grutbringen fan bern tusken 0 en 12 jier. 

It giet om Mijn Kinddossier fan de GGD. Dêr kinne âlden (of fâden) ôfspraken yn besjen en sels fersette (oangeande bern tusken 14 moanne en 4 jier) en groeidiagrammen besjen. Se kinne ek advizen fan de bernedokter of ferpleechkundige weromlêze, fragelisten ynfolje en besjen wannear’t en wêr’t harren bern foar yninte is. Rjochtstreeks in fraach stelle oan de soarchferlieners fan it bern, kin ek.

Yn oare regio’s hat bliken dien dat as mei Mijn Kinddossier wurke wurdt, âlden faker op ôfspraken komme en dat se dizze wize fan wurkjen leaver hawwe as dat se in brief of in e-mail oer ôfspraken krije. De ynformaasje is inkeld te lêzen troch deselde dy’t it gesach oer it bern hat. Om tagong te krijen gean de mem, heit of fâld nei www.mijnkinddossier.nl en logge se mei harren eigen DigiD yn.

Lineke Kleefstra, de nije direkteur publike sûnens fan GGD Fryslân seit deroer: “Met de introductie van Mijn Kinddossier in Fryslân zetten we een mooie stap naar een Jeugdgezondheidszorg van en vóór de toekomst in Fryslân. Eén die zo passend, vroegtijdig, flexibel en dichtbij mogelijk is.”

oktober 22, 2022 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.