Michael Schaap ûndersiket yn nije podcast de midsiuwske Fries
Resint ferskynd
Hoe kin it dat der net folle bekend is oer de midsiuwske Friezen? En wêrom is der oer Fryslân net folle út dy tiid bewarre bleaun? Spesjaal foar de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer is presintator Michael Schaap op ûndersyk útgien. Yn de tweintich minuten duorjende podcast, dy’t Schaap yn opdracht fan it Frysk Museum makke, giet it oer de gewelddiedige maatskippij fol skeel dêr’t de Friezen yn libben. Mar it eigensinnige uterlik fan de Friezen en de krústochten dêr’t se fanatyk oan meidiene, wurde ek bepraat. De podcast is te beharkjen fia ferskate podcastapps en op friesmuseum.nl/podcast.

Foto: Frysk Museum Ljouwert
De eigensinnige, ymposante en foarspoedige Friezen wiene yn ’e midsiuwen ynternasjonaal ferneamd (of berucht). De Italiaanske dichter Dante Alighieri brûkte de Friezen yn syn magnum opus La divina commedia (1307-1321) as ienheidsmjitte om de reuseftige Giganten te beskriuwen. “Trije Friezen opinoar klommen, (hiene) net (folstien)”.
Mar in protte kennis oer dy tiid liket ferlern gien te wêzen. Hoe seach de Fries derút? Wat witte we oer de gewelddiedige maatskippij fol skeel tusken minsken? Wêrom namen Friezen manmachtich ‘it krús oan’ en sleaten se harren by krústochten oan? En ynformaasje is net it iennige dat ferlern gien is. Fan de hûnderten tsjerken, kleasters en stinzen bleaune mar ien kleaster en ien stins bewarre. Hoe kin dat?
Michael Schaap ûndersiket dy fragen en mear, mei Diana Spiekhout, konservator fan de útstalling, en Hans Mol, mjirkes heechlearaar Fryske midsiuwske skiednis.

Michael Schaap (foto: Corné van der Stelt)
Oer Michael Schaap
Michael Schaap is dokumintêremakker, programmamakker en regisseur. Hy is ûnder oare bekend fan dokumintêre De Viagraman (2009) en de searje De Hokjesman (2013). Yn De Hokjesman makke Schaap in antropologyske syktocht nei subkultueren yn Nederlân. De searje waard nominearre foar de Sulveren Nipkowskiif yn 2016.
De podcast waard makke troch:
Presintaasje en rezjy: Michael Schaap
Montaazje: Alexander Weeber
Mei tank oan: Hans Mol en Diana Spiekhout
Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer, dy’t noch oant en mei 7 maaie 2023 rint.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje