Lês-mar-foar-wiken feestlik ôfsluten by biblioteek Grou

oktober 6, 2022 08:40 Fernijd

Yn de moanne septimber wiene de Lês-mar-foar-wiken en waard der troch de hiele provinsje foarlêzen oan pjutten op sa’n 400 pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. De feestlike ôftraap wie op 3 septimber mei it grutte Tomke Foarlêsfeest by paviljoen MeM yn Bûtenpost. Freed 30 septimber wiene de lêste foarlêsaktiviteiten en waard de foarlêsmoanne yn styl ôfsletten mei de foarstelling Tomke syn pyamadei fan Geartsje Douma yn de biblioteek fan Grou. 

Foto: Hippe Kiek fotografie by Sjoeke

Yn totaal binne der yn de Lês-mar-foar-wiken mear as 25.000 Tomke-boekjes útdield oan Fryske pjutten. Yn de Stellingwerven binne dêrneist noch 1000 Stellingwerfske boekjes útdield. Tagelyk wiene der de hiele moanne septimber nije Tomke-útstjoeringen op Omrop Fryslân te besjen en wiene der flochs fan Tjitsfloch oer de ferskes en ferhaaltsjes út it Tomke-boekje. By de Fryske biblioteken koene bern nei foarstellings fan Tomke-skriuwster Geartsje Douma, sjongeres Janneke Brakels en De Vertellende Piano.

‘Wy sjogge werom op in prachtige en suksesfolle earste edysje fan de Lês-mar-foar-wiken’, seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Earder waarden de foarlêsaktiviteiten en in nij, fergees Tomke-boekje foar alle Fryske pjutten byelkoar brocht yn de Fryske Foarlêswike, mar om’t de organisaasje feroare is, wie it ek de tiid foar in nije namme en opset.’ Yn 2023 binne der yn septimber wer de Lês-mar-foar-wiken mei fansels in nij Tomke-boekje en in hiel soad leuke foarlêsaktiviteiten foar pjutten.

De Lês-mar-foar-wiken binne in inisjatyf fan de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS. Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne Opfang (SFBO) soargje foar promoasje en fersterking.

oktober 6, 2022 08:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.