Kommende snein mei-inoar sjonge yn Boalsert

oktober 5, 2022 07:21

Kommende snein, 9 oktober, is der in sjongmiddei yn de Martinytsjerke te Boalsert. It tema is ‘Sjong bliid en woltemoede’, ûntliend oan Liet 864 út it Lieteboek – sjonge en bidde thús en yn tsjerke (2015). Dêr mei-inoar út sjonge, is de opset fan de middei.

Muzikale meiwurking wurdt jûn troch in dûbelkwartet ûnder lieding fan Bob Pruiksma, de oargelist Jochem Schuurman, bekend fan de tv-tsjinsten út Frjentsjer wei, en de trompetter Auke van der Merk. Anna-Marike Dykstra-van der Woude hat de algehiele lieding.

De middei giet út fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE), dy’t foar de koroanaperioade alle jierren hjerstmis sa’n middei organisearre en dy’t ek de oersetting fan  Liedboek 2013 op ’e noed hie.

De middei begjint om 15.30 oere. De doar giet 15.00 oere iepen. De tagong is fergees. Kollekte by it útgean.
SJONGE YN DE MARTINTSJERKE FAN BOALSERT

oktober 5, 2022 07:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.