Keunstner siket (wer) tûzenen neakene frijwilligers foar projekt yn Australië

oktober 27, 2022 09:00

Spencer Tunick (foto: Wikipedia/Manuguf – CC BY-SA 3.0)

Keunstner Spencer Tunick is wer op ’e syk nei tûzenen frijwilligers om mei te dwaan oan syn ûnderwilens wrâldferneamde fotosjitterij fan  withoefolle bleate minsken. Diskear sil de Amerikaanske keunstner nei it Australyske Sydney, om dêr mei syn foto’s omtinken foar de gefaren fan hûdkanker te freegjen.

De nije fotosesje, dêr’t Tunick op syn minst twatûzen frijwilligers foar nedich hat, wurdt op in strân yn Sydney dien. It tal twatûzen is net samar: Tunick wol omtinken freegje foar de op syn minst twatûzen Australyske minsken dy’t alle jierren troch hûdkanker stjerre. De keunstner wurket gear mei de goededoele-organisaasje Skin Check Champions, dy’t yn kliniken fergeze hûdkontrôle oanbiedt en de sesjes yn de Nasjonale Hûdkankerwike yn Australië organisearret.

Yn 2016 kamen 3200 frijwilligers út tweintich ferskillende lannen nei de Noard-Ingelske havenstêd Hull om oan it projekt Sea of Hull mei te dwaan. De dielnimmers skilderen inoar by oankomst yn Hull yn fjouwer kleuren blau. Yn 2020 lei Tunick yn in fraachpetear mei CNN út wêrom’t er by de fotosesjes foar neakene minsken kiest. “Myn wurk is om bleate minsken sa ticht mooglik by in abstraksje te krijen.” Hy wol it stigma op neakenheid weinimme en minsken oantrúnje om “it minsklik lichem te respektearjen as in keunstfoarm, lykas in skilderij of skulptuer.”

Besjoch in fraachpetear mei bylden op YouTube.

oktober 27, 2022 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.