Jongfriezen wize Steatekomitee de wei nei mear Frysk op strjitte

oktober 4, 2022 22:43

Op de gearkomste fan it Steatekomitee Frysk – in fêste wurkgroep fan Provinsjale Steaten dy’t him mei de Fryske taal dwaande hâldt – fan ferline wike, hat de Jongfryske Mienskip syn ideeën oer mear Frysk op strjitte op it aljemint brocht.

Foto: Provinsje Fryslân

Jongfriezen Sander Hoekstra en Sjoerd Groenhof presintearren foar it Steatekomitee harren ‘Oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal en identiteit yn Fryslân’. Oanlieding foar it okkerdeis útjaan fan dat plan yn boekfoarm, mei tal fan konkrete foarbylden foar in Frysker Fryslân, wie de nijste Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tussen Ryk en Provinsje, dêr’t it stribjen nei mear sichtber Frysk om it brûken fan de taal te stimulearjen yn opnaam is. Groenhof, de ‘geastlike heit’ fan it plan, ferdútste foar it komitee dat it doel fan it útjaan fan it boekje it oanfiterjen fan de Provinsje wie om de eardere ôfspraken mei minister Olongren út te fieren. Groenhof fertelde de kommisje ek oer syn tiid as fraksjefoarsitter fan de FNP yn Achtkarspelen dêr’t in mearderheid fan de gemeenteried foar it feroarjen fan it boerd ‘fietspad’ yn ‘fytspaad’ wie. Mar doe die bliken dat der in Rykswet ferkear is dy’t dan earst oanpast wurde moat. Oars soe men yn prinsipe mei in auto oer it fytspaad ride kinne, om ‘t dy oantsjutting net yn it strafrjocht foarkomt…

De 10 oanrekommedaasje yn it boekje binne foarlein oan it Steatekomitee. Hoekstra nei ôfrin: “Dy waarden posityf ûntfongen, alteast gjinien spruts him negatyf út.” Dêrnei gie it petear noch oer Fryske plaknammen. Hoekstra ornearre dat it dochs moai wêze soe as dat yn alle doarpen en stêden yn Fryslân noris yn ien kear regele waard. En dan op de wize fan Noardeast Fryslân. Hoekstra: “Wolle doarpen as stêden harren Nederlânske namme hâlde…so be it. Wy fan de Jongfryske Mienskip hoopje dat ús boekje de Steatefraksje Frysk in positive stimulans jûn hat en dat dy nei de ferkiezings trochjûn wurdt oan de nije Steaten.”

De Ried fan de Fryske Beweging soe ek ynsprekke by de gearkomste, mar troch grutte swierrichheden mei it treinferkear slagge dat net op it plende tiidstip. Boppedat die bliken dat de beide delegaasjes en harren ûnderwerpen yn de wurklist troch elkoar helle wiene en sadwaande wie der lang om let te min tiid foar beide.

oktober 4, 2022 22:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.