Jip van den Toorn wint Inktspotpriis

oktober 1, 2022 08:37 Fernijd

De Inktspotpriis, foar de bêste politike tekening fan it parlemintêre jier, is dit jier oan Jip van den Toorn takend. Hja kriget de priis foar har tekening ‘Milieubewust’, dy’t op 10 maaie yn de Volkskrant stie.

Tekening: ©Jip van den Toorn

De sjuery priizget de spotprint dy’t hypokrisy bleatleit yn tiden fan klimaatferoaring. “De tekener wit op doeltreffende en humoristyske wize it hypokrite hâlden en dragen fan de miljeubewuste minske te hekeljen. De kleuren binne fris, de foarm raak. Wa’t dizze moaie tekening sjocht, moat laitsje, mar sjocht tagelyk yn ’e spegel.”

De Inktspotpriis bestiet sûnt 1994. Der wiene fiif tekeningen nominearre. Utsein Van den Toorn wiene de nominearren Jos Collignon, Tjeerd Royaards, Marco Jeurissen en Pieter Geenen. Yn ’e sjuery sieten dit jier heechlearaar Nederlânske taal- en letterkunde Lotte Jensen, striptekener Eva Hilhorst, sjoernalist Pelle Matla, histoarikus Zihni Özdil en kabaretier Katinka Polderman. De priis waard útrikt yn Parsesintrum Nieuwspoort yn De Haach. Ferline jier wûn Kamagurka de Inktspotpriis.

oktober 1, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.