Jan Bosgraaf: It kin net!
Resint ferskynd
Kollum

Foto Jan Bosgraaf
’Ik sei noch tsjin dy oelewappers: It kin net!’ Dy reklame foar in ferneamd Frysk slokje is yn it ûnthâld fan in hiel protte minsken hingjen bleaun. En alle winters is it wer de fraach: ´Kin it wol, of kin it net?’ Mar foaral ek: ’Komt er wol, of komt er net?’ Dêrmei doel ik op de Alvestêdetocht. Yn 114 jier is er 15 kear holden. Fan 1909 oant en mei 1963 yn trochsnee ien kear yn de 4½ jier. En fan 1963 oant en mei 2022 yn trochsnee ien kear yn de krapoan 15 jier. Fan 1963 oant 1985 moasten we it 22 jier sûnder De Tocht der Tochten dwaan. En op 4 jannewaris takom jier is it 26 jier lyn dat er foar it lêst riden waard. Mar as we Piet Paulusma silger leauwe meie, dan komt der ien fan de kommende winters, foar 2027, wer in Alvestêdetocht. It skynt, dat we wer in kâlde rite ferwachtsje kinne. Dat wie yn de fjirtiger en tachtiger jierren fan de foarige iuw ek it gefal. Dus as der wer sa’n 40 jier tusken sit …?! Hawar, we wachtsje it mar ôf. Dêr binne Friezen nochter genôch foar. Wy litte ús net sa gau troch emoasjes liede. Mar tûzenen reedriders en noch folle mear feestfierende taskôgers sjogge der fansels wol hiel bot nei út. En it bestjoer fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elfsteden sil grif ek graach sjen litte wolle dat it de organisaasje fan sa’n mega-evenemint oankin. Fan sa’n “bjusterbaarlik barren”, om in eardere kommissaris fan de (doe noch) Keninginne te sitearjen. Al hat it bestjoer hjoed-de-dei grif mei oare en mear foarskriften en regels te krijen as yn 1997.
Dy regels, dêr rûn it bestjoer fan de Stichting Overijsselse Meren Tocht (OMT) ek tsjinoan. Yn de eufory fan de Alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997 stutsen de bestjoeren fan de iisklups yn de Kop fan Oerisel de koppen byinoar en kamen ta it beslút dat der yn de natuergebieten Weerribben, Wieden en Zwarte Water ek in tocht fan 200 kilometer útset en holden wurde moast. Dy klups organisearje winters in grut tal koartere tochten, dêr’t de Hollands Venetiëtocht yn en om Giethoorn nei alle gedachten de bekendste fan is. Der kaam in soad flecht op ’e koai, want tûzenen riders waarden donateur fan de stichting. Ik ek. Mei trije alvestêdekrúskes moat ik dizze 200 kilometer troch it prachtige natuergebiet dochs ek ta in goed ein bringe kinne. Al sil it nea sa’n grut reedridersfeest wurde as yn Fryslân. Alle jierren op ’e nij wie de hoop fan it bestjoer fêstige op it hâlden fan de tocht. Mar alle jierren gie it net oan. No, nei 25 jier, hat it algemien bestjoer fan de stichting yn absolute mearderheid besletten ta ûntbining fan de stichting. Der komt dus gjin Overijssele Meren Tocht. De fraach om dy nei 25 jier wol of net trochgean te litten spile yn it deistich bestjoer al folle langer. Ien fan de arguminten is it tanimmen fan it tal foarskriften en regels dêr’t oan foldien wurde moat. Wylst politisy yn de oanrin nei ferkiezingen alle kearen de tasizzing dogge dat der minder regeljouwing komme sil. Mar as de ferkiezingen foarby binne, hawwe se oan dy tasizzing nei’t skynt gjin aktive oantinkens mear. Oare arguminten om de stekker derút te lûken binne de klimaatferoaring (soe it ea kinne?), it tebekrinnend tal donateurs, de hegere kosten, de ferantwurdlikens en oanspraaklikheid fan bestjoerders en frijwilligers, de feiligens fan de riders, it behearskje kinnen fan de taskôgers, ensfh. Ofrûne simmer kaam dêr noch it berjocht by, dat foar it hâlden fan de tocht in natuerfergunning nedich is, omdat de tocht hast folslein troch in Natura 2000-gebiet giet. Der moat oantoand wurde dat it evenemint gjin hegere stikstofútstjit jout. Dêr moat dan in profesjoneel bedriuw foar ynskeakele wurde, want soks kin it bestjoer sels net dwaan. Dat bestjut wer in fikse ûnkostepost.
Dan freget men jin dochs ôf oft de betinkers en/of útfierders fan al dy foarskriften en regels wol witte wat der yn de praktyk bart as it sterk iis is en der reedriden wurde kin. Nei alle gedachten hawwe se der gjin flau benul fan. In jiermannich lyn wie der yn it gebiet fan de Wieden in tocht fan mar 25 kilometer útskreaun. Sûnt jierren koe it wer in kear heve. Der kamen kloften folk op ôf. Op in stuit stie der 10 kilometer file om by de start te kommen. Guon hawwe de start net iens sjoen, want de organisaasje lei de ynskriuwing earder stil as dat oanjûn wie, om’t der fierstente folle minsken op it iis kamen. In pear winters lyn wiene der gjin tochten, mar lei der genôch iis om der op út te gean. Yn it hiele natuergebiet stiene de bermen grôtfol mei auto’s. De minsken wolle no ienris mei de auto sa ticht mooglik by it plak fan bestimming komme. Dat jildt foar de supermerk, dat jildt ek foar it iis. No dan, hoe sil in bestjoer, organisaasje of wa dan ek ea oantoane dat in grut reedridersevenemint gjin hegere stikstofútstjit meibringt? Dat kin net!
Wannear wurde dy lju efter har buro’s einliks ris wekker, komme se út dy ivoaren toer en steane se mei beide fuotten op ’e grûn? Ear’t der in hiel soad moaie dingen nei gychem geane.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje