James Webb-teleskoop makket noch skerper byld fan Pylders fan de Skepping
Resint ferskynd
De James Webb-teleskoop hat in nije, folle skerpere ôfbylding makke fan de ikoanyske nevelformaasje Pillars of Creation, ofwol de Pylders fan de Skepping. It byld hat folle mear detail as de lêste ôfbylding, dy’t de Hubble-teleskoop yn 2014 makke.

Pylders fan de Skepping (boarne: NASA)

Pylders fan de Skepping (boarne: NASA)
De Pylders fan de Skepping steane bekend as ferskynsels dy’t yn ’e romte it meast ta de ferbylding sprekke. It grutte publyk kaam der foar it earst mei yn ’e kunde yn 1995, doe’t Hubble der in ôfbylding fan makke. It betsjoenende byld fan ûnbidige kolommen dêr’t jonge stjerren yn ûntsteane, gie de wrâld oer. Yn de earste opname liken de pylders noch massyf, mar feitlik binne it gaswolkens en stof dy’t diel útmeitsje fan de saneamde Earndize yn it stjerrebyld Serpens, op sa’n 6500 ljochtjier fan de ierde.
Yn 2014 makke de Hubble-teleskoop in noch folle skerpere opname fan de nevelformaasje. De kontoeren fan de pylders binne no op de ôfbylding fan de James Webb-teleskoop noch dúdliker sichtber en en se binne trochsichtiger. Der binne ek mear stjerren op te sjen. De yntins reade bollen oan ’e rânen fan de pylders – goed te sjen oan ’e boppekant fan de middelste en rjochterpylder – binne jonge stjerren, seit NASA. Dat binne ûnbidige gas- en stofbollen dy’t troch harren eigen swiertekrêft ynstoart binne en stadichoan opwaarmje.
Nij op it byld binne de hast lava-eftige brúnreade weagen oan ’e rânen. NASA rûst dat dy “útstjitten fan stjerren dy’t har noch hieltyd yn it gas foarmje” pas in pear hûnderttûzen jier âld binne. Dat is relatyf jong, neffens de rest fan de stofkolommen dy’t ferskate miljoenen jierren âld binne. De James Webb-teleskoop waard ein ferline jier lansearre en observearret de kosmos sûnt ôfrûne simmer mei ynfrareadsensoaren. De teleskoop koste hast tsien miljard euro en is de opfolger fan Hubble. Wittenskippers hoopje der de earste stjerrestelsels mei te ûntdekken, om sa mear te witten te kommen oer de oerknal, it ûntstean fan it hielal.
Besjoch in filmke fan de James Webb-teleskoop:
God set de himelkoepel oer de leechte,
Hy hong de ierde op oan it neat.
(Job 26:7)