It berin fan de dingen
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
- Fytsalvestêdetocht foar it earst oant 22.00 oere te folgjen by Omrop Fryslân 0
Stichting Erfgoed Fundaasje en Utjouwerij Frysk en Frij litte op sneon 29 oktober nigethawwers fan proaza, poëzy en muzyk wat priuwe fan wat se de kommende tiid te bieden hawwe. It spilet him allegear ôf yn Frjentsjer yn it Stedhûs oan it Riedhúsplein 1 en it begjint om 11.00 oere. It hiele programma is hjir te besjen: ÚTNÛGING 29-10-2022 16-09-2022

Rixt van der Kooij (foto Till Schmitz)
Under mear sil de bariton Daniël Hermán Mostert tsien lieten hearre litte op teksten fan Heinrich Heine dy’t oerset binne troch Fedde Schurer en dêr’t Rixt van der Kooi de muzyk by skreaun hat. Dat ûnderdiel fan de priuwerij is tusken 11.30 en 13.30. Rixt van der Kooi sil dêr ek wat fertelle oer har projekt Dichtersleafde en dêr in moaie fideoregistraasje fan in stikmannich lieten by sjen litte.
It hiele projekt Dichtersleafde sil sechtjin lieten beslaan. Takomme jier sil dat yn it lêste konsert fan de rige Fokaal Trijelûk útfierd wurde op snein 23 april 2023.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje