Heger warskôgingsnivo foar koroana
Resint ferskynd

De minister fan folkssûnens fan Nederlân, Ernst Kuipers, hat it warskôgingsnivo fan koroana woansdei ferhege. De kleuren fan ferline jier binne ferfongen troch fjouwer nivo’s. Fan it leechste is Nederlân no nei it twadde nivo ta gien.
De oarsaak is dat der mear minsken mei koroana yn de sikehûzen bedarje. Fierders melde mear minsken harren siik om koroana. GGD Fryslân docht te witten dat dat yn Fryslân ek te fernimmen is.
Op ‘t stuit is der foar de sikehûzen gjin reden foar soarch, alles kin trochgean sa’t plend wie. Neffens minister Kuipers komt der lykwols in nije sykteweach oan. Op ‘t heden kinne minsken dy’t yn ‘e soarch wurkje of in krupsje hawwe al in fjirde prip helje. Oaren krije dêr ynkoarten ek in útnûging foar. Boppedat binne der nije koroanafaksinaasjes op kommendewei: dy binne spesjaal makke foar de nijere foarmen fan koroana.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje