‘Grutte Pier’ feestlik yn premjêre gien
Resint ferskynd

Boarne: Triple P Entertainment
Ferfolch Floris fersus Grutte Pier oankundige
Grutte Pier, it ferhaal fan de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Dona, is freed yn Teater Snits suksesfol yn premjêre gien. Yn oanwêzichheid fan de hiele filmploech is de middei ôftrape mei de ûntbleating fan it spesjale stânbyld ‘De learzens fan Pier’ by it lêste rêstplak fan Pier yn de tsjerke fan Snits.
De reade loper waard drok besite en oan ’e ein fan ’e dei is Floris fersus Grutte Pier, it ferfolch op Grutte Pier, oankundige. Tim Douwsma (De Hel van ’63), Bertrie Wierenga (GTST) en Peter Tuinman (De Hel van ’63) binne oan ’e filmploech taheakke. Grutte Pier is no yn ’e bioskoop te sjen.
Besjoch de promoasjefilm hjir:
Diel 2: Floris fersus Grutte Pier – De lêste slach
Grutte Pier (Milan van Weelden) hat syn Fryske boereleger goed op ’e rit stean. Op ’e Sudersee makket er in protte bút en dat hat Karel van Gelre ek opmurken. De populariteit fan Grutte Pier groeit en dêr is Van Gelre net ûngefoelich foar. As Pier nei syn dierbere Snits werom giet, stiet befelhawwer Jonker Roelof op it punt om him oan Martena, de strieman fan Frjentsjer, oer te jaan. Floris van Egmond, in suksesfolle Hollânske legerlieder, is mei Martena befreone en hja hawwe tegearre in yngenieus plan betocht om der flink better fan te wurden. Snits is noch in lytse frijsteat, mar foar hoe lang noch…?

Boarne: Steven de Jong Films
Gegevens Grutte Pier
Lingte: 115 min. | Taal: Frysk | Ploech: Milan van Weelden, Elske DeWall, Bram van der Vlugt, Carla DeBruine, Syb van der Ploeg, Jan Arendz, Cas Jansen, Lourens van den Akker, Joop Wittermans, Armin Ait Bihi, Hilly Harms, Leo de Jong | Senario: Dick van den Heuvel & Steven de Jong | Rezjy: Steven de Jong | Produksje: Wenda van der Pol en Bennie de Jong | Ferskiningsdatum: 27 oktober 2022.
Lês ek ús eksklusyf fraachpetear mei Steven de Jong oer de film Grutte Pier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje