Greta Thunberg pleitet foar langer iepenbliuwen Dútske kearnsintrales
Resint ferskynd
As it oan de Sweedske klimaataktivist Greta Thunberg leit, bliuwe de lêste Dútske kearnsintrales noch wat langer iepen. Dat sei se yn in fraachpetear yn it Dútske praatprogramma Maischberger dat woansdei te sjen wie.

Greta Thunberg (foto: Wikipedia/Raph_PH – Glastonbury2022 – CC BY 2.0)
Nei de kearnramp yn Fukushima yn 2011 besleat Dútslân om stadichoan fan kearnenerzjy ôf te stappen. Foar 2023 soene de lêste trije kearnsintrales slute, mar de oarloch yn Oekraïne en de enerzjykrisis smieten roet yn it iten. It debat oer kearnenerzjy, as alternatyf foar Russyk gas, lôge wer op. Ekonomyminister Robert Habek fan De Grienen besleat twa kearnsintrales oant yn april iepen te litten.
De redaksje fan Maischberger sette in fragmint fan it fraachpetear op Twitter. Dêr ferklearret de ûnderwilens 19-jierrige frou Thunberg yn dat it sluten fan de kearnsintrales in min idee is, as dêrtroch it ferbrânen fan koalen tanimt. Nettsjinsteande har foarkar foar kearnenerzjy boppe koalen, beklammet Thunberg dat de takomst nei de enerzjykrisis yn opnij brûkbere enerzjy leit.
Beharkje en besjoch it hiele fraachpetear mei frou Thunberg op YouTube.
📺 #maischberger heute Abend mit @GretaThunberg, Wolfgang #Kubicki (@FDP), @TheoKoll (@ZDF), @EvaSchulz (#funk) und @DrKissler (@NZZ).
@DasErste pic.twitter.com/BCmt2xAfN3— Maischberger (@maischberger) October 12, 2022
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje