‘Gianni Versace Retrospective’ yn Grinzer Museum
Resint ferskynd
‘That Dress’, de jurk dy’t foar in mediahype soarge en aktrise Liz Hurley yn ien klap wrâldferneamd makke, komt nei Grins. Untwurpen troch Gianni Versace en fan 3 desimber ôf te besjen yn de grutste útstalling dy’t ea oer de moadeûntwerper te sjen wie: Gianni Versace Retrospective. Noch nea earder binne der safolle objekten út syn kolleksjes en libben útstald as yn it Grinzer Museum.

Foto: Grinzer Museum
Yn 1994 beselskippe de doe noch ûnbekende aktrise Liz Hurley de tige populêre akteur Hugh Grant op de reade loper fan de premjêre fan de film Four weddings and a funeral. It petear fan de dei eartiids wie net Grant of de film, mar That Dress. Hurley droech in kreaasje fan Gianni Versace: in swarte siden jurk mei oan wjerssiden grutte gouden feilichheidsspjelden.
De ûntwerpen fan Gianni Versace
De jurk is neffens de kuratoaren fan de útstalling, Gianni Versace-eksperts Karl von der Ahé en Saskia Lubnow, ít kleanstik om de ynfloed fan Gianni Versace as ûntwerper te yllustrearjen. That Dress is yn brûklien fan Metropolitan Museum of Art yn New York. Ien fan de oare hichtepunten út de útstalling is de loper dêr’t de wichtichste ûntwerpen út de Freedom-kolleksje út 1991 op te sjen binne: de moadesjo dy’t supermodellen Cindy Crawford, Naomi Campbell, Linda Evangelista en Christy Turlington wrâldferneamd makke.
De krêft fan media begriep Gianni Versace as gjin oar. Hy lei it fûnemint foar de rol fan beynfloeders fan no. Ynstee fan moadesjoernalisten sette er ferneamde minsken by syn sjo op ’e earste rige. Hy liet se boppedat ûntwerpen drage op reade lopers en by optredens. Rapper 2Pac droech geregeld siden bûsgroentsjes fan Gianni Versace by optredens en trede ek op by syn moadesjo yn Milaan yn 1996. It bliek dé manier te wêzen om it grutte publyk te berikken.

Foto: Grinzer Museum
Mear as ûntwerpen
Njonken moadestikken lit Gianni Versace Retrospective mei boeken, kampanjebylden en oare objekten de mearsidigens en ynfloed fan de Italiaanske moadeûntwerper sjen. De útstalling is opboud troch syn boarnen fan ynspiraasje. Eltse útstallingsseal hat in eigen, unike oanklaaiing. Sa is der in romte dy’t de Amerikaanske popkultuer fan de njoggentiger jierren earet, mei muzyk fan Elton John en wurk fan Andy Warhol. Warhol wie in grutte ynspiraasjeboarne foar Versace. Hy ûntwurp bygelyks in op Warhol ynspirearre popart-jurk, mei de ferneamde seefdruk op ’e stof, dy’t ek te sjen wêze sil.
Gianni Versace en Alessandro Mendini: tiidgenoaten
De Italianen Gianni Versace en Alessandro Mendini, de arsjitekt fan it Grinzer Museum, wiene tiidgenoaten. It is tige oannimlik dat sy inoar kend hawwe. Hja wurken beide yn Milaan yn ’e tachtiger en njoggentiger jierren. Boppedat is it bekend dat Versace ûntwerpen fan Mendini yn besit hie. Sa waarden yn 2005 in stikmannich objekten út Versace’s wenning yn New York feile; dêr wiene ek twa glêzen fazen fan Mendini by.

Foto: Grinzer Museum
Oer Gianni Versace Retrospective
Mei Gianni Versace Retrospective bringt it Grinzer Museum de karriêre fan de eksintrike Italiaanske moadeûntwerper Gianni Versace, ien fan de ynfloedrykste ûntwerpers ea, ta libben. Yn de kleurrike, dryste en emosjonele útstalling nimt it Grinzer Museum besikers mei yn in wrâld fan ekstravagante klean en útwrydske moadesjo’s, dêr’t moade, pop en ûntwerp op spektakulêre wize yn byinoar komme. Gianni Versace waard 25 jier lyn fermoarde, mar syn foarútstrjibjende ideeën binne yn it moadebyld fan no noch hieltyd te fielen.
Gianni Versace Retrospective is te sjen yn it Grinzer Museum fan sneon 3 desimber 2022 o/m sneon 7 maaie 2023.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje