Fryslân, sa moat it bliuwe (gedicht)

oktober 1, 2022 10:14

Foto © Jan Brinksma

Fryslân, sa moat it bliuwe

noch hat de hjerst it pleit net wûn
gol skynt de sinne oer de griene greide
in fûgel – ek al is ’t gjin skries – sit op ’e hikke
in ein komt protestearjend út ’e sleat
de mânske pleats, mei pannen dutsen dak,
leit pronkjend yn de middeissinne
en wolken driuwe sûnder driging boppe ’t gea

troch al myn lea streamt blier it libben

Fryslân
sa moat it altyd bliuwe

Inger Wets

oktober 1, 2022 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.