Fryslân dé kofjeprovinsje fan Nederlân

oktober 11, 2022 09:53

Yn Fryslân binne yn ferhâlding de measte kofjesaken. Binne der yn Nederlân yn trochsneed 0,36 kofjesaken op 10.000 ynwenners, yn Fryslân dat oantal hast twa kear sa grut (0,65). Dat en mear docht bliken út in analyze fan beslist.nl fan kofjesaken en -prizen.

Foto: pixabay.com

Nederlanners binne kofjeleafhawwers
Wêr yn Nederlân wenje anno 2022 eins de grutste kofjeleafhawwers? Om dat út te sykjen waard yn it ûndersyk it tal kofjetinten tsjin it tal ynwenners ôfwoegen. Yn Nederlân binne yn trochsneed 0,36 kofjesaken op 10.000 ynwenners. Yn Fryslân binne yn ferhâlding de measte opsjes foar in kopke kofje bûten de doar.

De Waadeilannen Skylge en It Amelân hawwe yn ferhâlding it grutste oanbod fan kofjesaken. Op it fêstelân yn de provinsje binne relatyf sjoen de measte kofjetintsjes op 10.000 ynwenners yn de gemeente Harns te finen. It Hearrenfean skoart ek heech mei 0,7 kofjetintsjes op 10.000 ynwenners. De top 5 fan gemeenten yn Fryslân bestiet út:

1. Skylge: 4,1
2. It Amelân: 2,7
3. Harns: 1,9
4. It Hearrenfean: 0,7
5. De Fryske Marren: 0,5

Priis kopke kofje yn tsien jier tiid mei 40% omheechgien
Drinkt in Nederlanner in ‘bakky pleur’ bûten de doar, dan kostet dat yn trochsneed € 2,62. Dat is in stiging fan 40% yn tsien jier, want yn 2012 waard noch € 1,87 foar in kopke kofje yn ’e hoareka betelle.

In trochsneed cappuccino is opfallend genôch mar in pear eurosint djoerder as in gewoane kofje (€ 2,64). Kiest men foar in espresso, dan betellet men op it stuit wat minder (€ 2,48).

Mear ynformaasje oer de sprieding fan kofjesaken, prizen fan alle soarten kofje en mear nijsgjirrige feitsjes oer kofje yn Nederlân binne te finen op: www.beslist.nl/info/koffie.html

oktober 11, 2022 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.