Fryske Boekewike wurdt iepene mei Frysk Boekefeest op 28 oktober
Resint ferskynd
Op 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022. Op dy feestlike jûn wurdt it Kadoboek De oarloch fan Jan Snip fan Ferdinand de Jong presintearre en is der muzyk fan Las Bandidas. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma. It Frysk Boekefeest wurdt holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19.30 oere geane de doarren iepen, start fan it programma is om 20.00 oere. Elkenien is fan herte wolkom, de tagong is fergees.

Foto: Afûk

Boarne: Bornmeer
Kadoboek fergees
Nei de iepening is it Kadoboek De oarloch fan Jan Snip, skreaun troch Ferdinand de Jong, de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan boeken.
Yn De oarloch fan Jan Snip fertelt Ferdinand de Jong it ferhaal fan syn pake Jan, beppe Saakje en harren húshâlding. Yn WOII bebuorkje sy achter yn it lân in komelkersspultsje, oan de igge fan it Nannewiid by Sint-Jânsgea en Rotsterhaule. Yn de rin fan de oarloch bedarret Jan stadichwei djipper yn it ferset mei alle gefaar dat soks meibringt.
Men kriget it Kadoboek de hiele boekewike fergees by € 15,00 oan boeken. It Kadoboek 2022 is útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Bornmeer.
Sjoch foar mear ynformaasje en aktiviteiten op fryskeboekewike.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje