Fryske artysten bondelje krêften foar muzykalbum ‘Grutte Pier’
Resint ferskynd
Albumpresintaasje mei Steven de Jong en Carla DeBruine op sneon 15 oktober fan 20.15 oere ôf yn kultureel sintrum De Skâns op ’e Gordyk.

Boarne: Steven de Jong Films
Op sneon 15 oktober is yn kultureel sintrum De Skâns op ’e Gordyk de albumpresintaasje fan Grutte Pier. Dêrby sil sjongeres en spylster Carla DeBruine in stikmannich nûmers fan it album hearre litte. Regisseur Steven de Jong jout in filmkolleezje oer Grutte Pier en dêrnei sil de film te sjen wêze.
Grutte Pier fertelt it ferhaal fan de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, de legindaryske kriger dy’t ta in wichtich histoarysk figuer foar Fryslân útgroeide. De muzyk fan Grutte Pier is fan 15 oktober ôf te beharkjen fia Spotify en YouTube. Fan 27 oktober ôf is Grutte Pier yn ’e bioskopen te sjen.
It album bestiet út tsien nije Fryske nûmers dy’t alles mei it ferhaal fan Grutte Pier te krijen hawwe. It titelliet fan de film ‘Do bist myn lân’, songen troch Elske DeWall en Milan van Weelden stiet ek op it album. De muzyk is skreaun troch de regisseur fan de film, Steven de Jong en produsearre troch de drummer fan De Kast, Nico Outhuijse. De komponist is Ronald Schilperoort (De Schippers van de Kameleon, Toscaanse Bruiloft). It muzikale plaatsje is folslein makke troch meiwurking fan Hubert Heeringa (Beste Zangers Band), dy’t ek in neikommeling fan Grutte Pier is.
Regisseur Steven de Jong: “Myn aginda wie yn koroanatiid frij leech, dat ik besleat om mei Ronald Schilperoort en Nico Outhuijse nûmers foar de film te skriuwen. Der kamen hieltyd mear muzikanten by en binnen no-time hiene we in pear nûmers en covers makke. In muzykalbum koe dan ek net útbliuwe!”

Boarne: Steven de Jong Films
Oer de film
De haadrol fan Grutte Pier wurdt fertolke troch Milan van Weelden (bekend fan musicals as Billy Elliot en Macbeth), dy’t him spesjaal foar Grutte Pier it Frysk eigen makke hat. Sjongeres Elske DeWall (countrygroep The BlueBirds, The Passion) makket har spylfilmdebút en Bram van der Vlugt is yn syn lêste filmrol te sjen. Njonken harren binne ûnder mear Carla DeBruine, Syb van der Ploeg (sjonger fan De Kast), Jan Arendz (Kameleon) en Cas Jansen (GTST, De 12 van Oldenheim) te sjen.
Lês ek it eksklusyf fraachpetear mei Steven de Jong foar It Nijs.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje