Frou omsylt befeiliging en stapt oan board fan fleantúch nei Málaga

oktober 4, 2022 08:49

In frou hat juster op it fleanfjild fan Rotterdam sûnder dat ien har seach de befeiliging omsyld en is oan board fan in flecht nei Málaga gien. Dêrtroch moasten úteinlik twa flechten in tuskenlâning meitsje, berjochtet regionale omrop Rijnmond.

Foto: Unsplash

De Keninklike Maresjesee kaam der nei it weromsjen fan bylden efter dat de frou by de befeiliging delglûpt wie. Op dat stuit wie it tastel al yn ’e loft. Mei’t de maresjesee ynearsten tocht dat de frou oan board fan in flecht nei Faro yn Portugal gien wie, sette dat tastel in tuskenlâning yn Bordeaux yn. Doe’t de lâning ynset wie, waard dúdlik dat de frou yn it tastel nei Málaga stapt wie. Dat fleantúch makke doe in tuskenlâning yn Madrid, dêr’t de frou troch de Spaanske plysje oanholden waard.

Hoe’t de frou de befeiliging omsile koe, wurdt ûndersocht. It Algemeen Dagblad seit dat it om in Russyske frou gean soe. Hja soe by it yntsjekken fan de bagaazje op ’e needknop drukt hawwe en yn ’e konsternaasje oan it omtinken fan de befeiliging ûntkommen wêze. Yn it Transavia-fleantúch soe se har nuver holden en droegen hawwe. Hja sei dat se mei de ambassadeur prate woe en hie it oer minskehannel.

oktober 4, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.