Frjentsjer yn teken fan gregoriaanske muzyk

oktober 6, 2022 08:37 Fernijd

Sneon 8 oktober belibbet Frjentsjer in bysûnder evenemint: de Dei fan it Gregoriaansk. Elkenien dy’t nijsgjirrich is nei dy iuwenâlde muzykfoarm kin dan teplak yn de Martinitsjerke. 

Martinitsjerke Frjentsjer (foto: Dick Tolsma)

Al jierrenlang wurdt yn Utert in Dei fan it Gregoriaansk holden. Dan binne der allegearre workshops en útfieringen op ferskate nivo’s. “Dit jier sille we foar it earst it lân yn mei ús jierlikse dei”, sa seit organisator Jan Willem Rodenburg. “Us each foel op Frjentsjer. Se hawwe dêr in prachtige tsjerke, dy’t dit jier syn 600-jierrich jubileum fiert.” Hielendal tafallich is dy kar net, want yn july wie der yn in folle Martinitsjerke al in optreden fan it Utertsk Gregoriaansk Koar. “De opkomst wie folle grutter as wy ferwachte hiene. Minsken kamen fan fier en hein om te harkjen nei dit ferneamde koar”, fertelt Dick Tolsma, sekretaris fan it Martini-jubileumkomitee.

Groeiende populariteit
Gregoriaanske koarmuzyk sit yn ’e lift. Dat docht bliken út it sukses fan Wishful Singing, in kwartet fan fjouwer jonge froulju. Se wiene al mear as ien kear op telefyzje te sjen, lykas by De Wereld Draait Door, yn selskip fan Herman Finkers, in grut foarfjochter fan dizze muzyk. Neffens Finkers is in gregoriaansk liet wol wat yngewikkelder as ‘Heb je even voor mij’ fan Frans Bauer, mar dan hast ek wat.

Dêrom is de Dei fan it Gregoriaansk foar niget- en leafhawwers in útsochte gelegenheid. Der binne trije workshops: foar begjinners, betûfte sjongers en foar guon dy’t aardich yn it gregoriaansk trochkrûpt binne. Fierder jout it Utertsk Gregoriaansk Koar in koart konsert, en spilet de oargelist Jochem Schuurman de Trois Danses fan Jehan Alain. De dei begjint mei in lêzing fan Prof. Rolf Bremmer oer ‘Vreugde, rouw en strijd in de Martinikerk tot aan de Reformatie’. It programma wurdt ôfsletten mei in fesper ûnder lieding fan dirigint Anthony Zielhorst. Oanmelde kin fia www.gregoriaans-platform.nl.

oktober 6, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.