Fraachpetear mei keunstsamler Ger van Dam yn Museum Belvédère

oktober 5, 2022 08:34

Ger van Dam (boarne: Museum Belvédère)

Sneon 8 en snein 9 oktober fan 11.00 oant 12.00 oere yn Museum Belvédère

Keunstsamler Ger van Dam wurdt ynterviewd oer syn boek Van kruimelverzamelaar tot mecenas. Van Dam hat him as samler benammen op it wurk fan jonge, krekt ôfstudearre keunstners rjochte.

Tegearre mei syn frou Wilma Kuiper keapet er net allinnich keunst, mar set er him ek aktyf foar de promoasje fan it wurk fan de keunstners yn. Troch de jierren hinne hat it pear in protte wurken út harren kolleksje oan musea skonken, dêrûnder ek Museum Belvédère yn Oranjewâld. Oanmelde kin fia lezingenartnoord@museumbelvedere.nl.

www.museumbelvedere.nl

oktober 5, 2022 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.