Fjouwerdielige podcast ‘De stellen skilderijen fan Jopie Huisman’

oktober 7, 2022 08:41 Fernijd

Fan de ploech fan De Brand in het Landhuis. Te beharkjen fan 12 oktober, 20.00 oere ôf op Spotify en iTunes.

Selsportret fan Jopie Huisman (boarne: NTR)

Op 14 july 1984 wurde trije skilderijen fan de Fryske skilder Jopie Huisman stellen. Se ferdwûnen út galery ’t Weefhuis yn Nuenen dêr’t Huisman eksposearre, tagelyk mei in útstalling fan wurk fan Vincent van Gogh, ek yn Nuenen. Der wurdt fan grute dat Huisman foarôfgeand oan de útstalling warskôge wêze soe. Mar dochs woe er de eksposysje graach trochgean litte.

Foar Huisman wie it as ferlear er mei de stellerij fan de skilderijen ‘Merelnest’, ‘Drie lotgenoten’ en ‘Handschoenen’ trije fan syn bern. Se binne nea weromfûn.

Podcastmakkers Simon Heijmans en Marion Oskamp geane op ’e syk. Slagget it harren om de stellen wurken op te spoaren? In fjouwerdielige podcast foar NPO Radio 1 en de NTR.

Simon Heijmans: gearstalling, montaazje en rezjy
Sam Huisman: einmiksaazje
Amir Vahidi: titelnûmer en lûdsûntwerp
Arthur Brand: advizen
Taco Lindenkamp: produksje

Mei tank oan it it Jopie Huisman Museum yn Warkum.

Beharkje hjir de oankundigingsopname.

oktober 7, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.